9) Jurjen de Haas

Rinsumageast

Myn namme is Jurjen de Haas (1962) en wurkje al mear dan 42 jier by de plysje. Ea as jonge plysjeman begûn yn Dokkum en úteinlik fia Dantumadiel, Ljouwert, Grins sûnt 2017 wer werom yn Dokkum by it Basisteam Noardeast-Fryslân, dêr’t ek Dantumadiel ûnderdiel fan útmakket. 

Dat ik aardich honkfêst bin, docht bliken út it feit dat ik al hast 37 jier “op’e Geast” wenje sa’t wy’t it hijr sizze.

Ik haw in soad op mei ús Fryske lân, en om echt wat betsjutte te kinnen foar Fryslân, bin ik al lang lyn lid wurden fan de Fryske Nasjonale Partij en sûnt 2014 bin ik foarsitter fan it ôfdielingsbestjoer yn Dantumadiel. De FNP hat in tal kearnwaarden wêrûnder mear foech op lolaak nivo. Wy witte hjir hiel goed wat foar ús it bêste is. Mar ek it befoarderjen fan ús taal en kultuer, hiel wichtich foar jo eigen identiteit. 

De FNP makket him sterk foar it wenjen. Wenje dêr’t jo wenje wolle sprekt my bot oan. Foar de jongerein út ús omjouwing is der hast gjin wenromte te finen. It ferline hat ús leard dat as de jongerein ienkear fuort is, se ek net mear sa gau weromkomme. 

As wy Dantumadiel bewenber hâlde wolle dan sille wy de jongerein oan ús bine moatte en oan de slach moatte mei betelbere wenningen yn de doarpen. Ek de âlderein moat in passende wenromte yn eigen doarp krije. Ik sis: “De FNP giet foar feilich wenjen!” Feilich yn’e sin fan in mienskip dy’t om inoar tinkt en wenje wol wer’t it noflik wenjen is. 


Jurjen de Haas
 
JurjenDeHaas


2023 FNP Fryslân - Disclaimer