1) Ferry van der Ploeg

De Westereen

Myn namme is Ferry van der Ploeg (40) en ik mei listlûker wêze fan dizze geweldig partij, de FNP yn Dantumadiel. Al 19 jier wenjend yn De Westereen, troud mei Tiny van der Lijn en heit fan twa jonges wurkje ik yn it deistich libben by Kredietbank Nederland dêr’t ik ferantwurdlikheid draach foar de finânsjes fan in soad húshâldingen.

Sûnt 2014 bin ik lid fan de FNP en hjir fiel ik my ‘as in fisk yn it wetter’. In belutsen partij dy’t in soad romte biedt oan it lytse. In partij dy’t de Fryske taal en kultuer heech op it listje stean hat. In partij dêr’t ik my thús fiel. 

Sûnt 2018 sit ik yn de gemeenteried. In bysûndere riedsperioade, als sis ik it sels, dêr’t ik mei wat mingde gefoelens nei weromsjoch. De lêste fjouwer jier is de gemeente no net bepaald posityf yn it nijs kaam en dit hat der ek foar soarge dat it fertrouwen by de boargers yn de gemeentepolityk bot sakke is. Dit is foar my just de motivaasje om de kommende jierren sjen te litten dat it oars kin en moat mei in better bestjoer. As it oan de FNP leit dan komt de boarger de kommende jierren sintraal te stean en net de gemeente.

De kommende jierren wol ik my ynsette op it mêd fan wenjen. Yn dizze regio is it goed wenjen en dat moatte we ek sa hâlde. De lêste jierren binne der troch de gemeente net folle ûntjouwings kreëarre op it mêd fan wenjen. In miste kâns! Mei ús ‘Oanfalsplan Wenjen’ hat de FNP in dúdlik plan om de op slotrekke wenningmerk los te krijen. Foar jongeren moatte der mooglikheden komme om in betelbere wenning keapje te kinnen en se harren thús fiele te litten.

De takomst fan ús gemeente sil ek in item wurde by de kommende ferkiezingen. Spitigernôch is der de ôfrûne jierren net nei de FNP harke en binne wy yn in situaasje telâne kaam dat it in ûnmooglike taak is om selsstannich bliuwe te kinnen as gemeente. De takomstsifers fan ús gemeente binne net bepaald roaskleurich en der steane  foar de kommende jierren genôch útdagingen te wachtsjen dy’t Dantumadiel allinnich mar mear yn in benearjende posysje bringe sille. Lit ús krekt foarkomme dat wy twongen wurden om te fusearjen. Just no is it de tiid om Dantumadiel oanslute te litten by de gemeente Noardeast-Fryslân. 

Dêrom sis ik; “It moat oars mei Dantumadiel”. 


Ferry van der Ploeg
Listlûker FNP Dantumadiel
FerryVDPloeg


2023 FNP Fryslân - Disclaimer