2) Jari Weistra

Driezum

Myn namme is Jari Weistra, 25 jier âld en wenje yn Driezum. Ik ha hjir net altyd wenne, earst wenne ik yn Kollumersweach, mar de ôfrûne jierren is Driezum myn thús wurden. Myn ynteresses lizze op it mêd fan de ICT en de technologyske ynfrastruktuer.

De polityk hat al in pear jier myn ynteresse. It begûn al op de middelbere skoalle dêr’t ik yn oanrekking kaam mei it jongereinparlemint yn Ljouwert. Men waard yndield by in partij en by tafal wie dat de FNP. De earste kear dat ik stimme mocht foar de gemeenteriedsferkiezingen gie myn stim nei de FNP en dat is letter nea wer oars wurden. Dus dat ik yndield waard by de FNP wie foar my in moaie tafaller. Dêrtroch haw ik in soad respekt krigen foar it politike proses en de skiednis fan ús provinsje.

Fan myn 18de ôf haw ik my altyd goed ferdjippe yn de polityk. Benammen de perioade om de ferkiezingen hinne. It is in ferantwurdlikheid foar elkenien dy’t stimrjocht hat. Ik begûn by de stimwizers en dêrnei gie ik de programma’s lêzen. En as it heal koe dan seach ik ek nei it stimgedrach fan oare partijen as se keazen waarden. 

De FNP hat foar my altyd in partij west dêr’t ik my goed yn fine koe. De belangrykste punten foar my wiene dat de partij grutsk is op Fryslân en dan net allinnich de provinsje. Ek de minsken en de taal, it hiele plaatsje. Ek fûn ik it wichtich dat de partij de fokus hâldt op it behâld fan de natuer en mear kontrôle wol oer de eigen provinsje. “Lokaal dwaan wat lokaal kin”, dat binne opfettingen dêr’t ik my foar 100% by oanslút.

As ik keazen wurdt foar de gemeenteried, dan wol ik my de kommende jierren ynsett foar elkenien yn Dantumadiel. Want elkenien fertsjinnet it om him of har hjir thús te fielen. Myn fokus sil lizze op de problemen lykas betelbere wenten, soarch foar jongerein en it behâld fan de Fryske taal en kultuer.


Jari Weistra
#2 FNP Dantumadiel


JariWeistra


2023 FNP Fryslân - Disclaimer