3) Jouke Jan Postma
De Westereen
Myn namme is Jouke Jan Postma en bin 23 jier. Kom út De Westereen en wenje noch thús. Ik doch de oplieding oerheidsmanagement en bestjoerskunde oan de Thorbecke Akademy yn Ljouwert.
De figuerlike ôfstân tusken Fryslan en Den Haach wurdt hieltyd grutter en grutter. Ien fan gefolgen is dat ús Fryske kultuer hieltyd mear op de eftergrûn driget te reitsjen. Om dy reden bin ik dan ek in grut foarstanner fan ‘regio polityk’. En dat fûn ik yn de FNP, dêrom ha ik my oansletten by dizze partij.
Op dit stuit fan skriuwen bin ik 23 jier en der is noch gjin sicht op in wenning foar my. Spitigernôch bin ik net de iennichste dy’t dit ûnderfynt. Der binne in hiel soad leeftiidsgenoaten dy’t wenjen bliuwe wolle yn dizze moaie omjouwing. Spitigernôch is dat net mooglik foar in soad en ferhúzje se nei de grutte stêd of earne oars yn it lân. Dit liket my net geunstich foar ús doarpen yn de gemeente. Hieltyd mear gemeenten hawwe lêst fan trochstream op de wenningmerk. De jongerein giet ek om dy reden faak fuort. Want njonken in goed oanbod fan wenningen is it ek wichtich dat de wenningen betelber bliuwe foar de ‘gewoane man’, sawol jongerein as âlderein.
Ik bin bliid dat ik myn bydrage leverje mei oan in partij as de FNP. In partij dy’t ynset op in wenning foar elkenien.
Dêrom sis ik ek: “In wenning foar elkenien”. Dêr stean ik foar.
Jouke Jan Postma
Nûmer 3 FNP Dantumadiel