4) Gryt van der Ploeg

Damwâld

Myn namme is Gryt van der Ploeg en wenje yn Damwâld. Yn 1965 berne yn Sint-Anne. In Bilker mar wy praten thus Frysk/Klaaifrysk. Doe’t ik op myn tweintichste ferhuze nei ‘De Wâlden’ learde ik al ridlik gau it Wâldfrysk. Dat gie fluch want de minsken hjir sprekke je der fuort op oan. Seker ien fan de dingen dy’t ik moai fyn oan de Wâlden is dat men rjocht foar syn raap binne sa’t se it hjir sizze. 

Yn it deistich libben wurkje ik yn myn eigen soarchynstelling Te Plak yn Damwâld. Hjir begelaat ik, tegearre mei in geweldich team meiwurkers, minsken mei in beheining. Minsken helpe mei harren ûntwikkeling en stipe jaan yn it deistich libben. Dit fansels allegearre binnen harren eigen mooglikheden en foaral sykjend nei kânsen! 

En dat jildt ek yn ús eigen gemeente, foar de âldereinsoarch mar ek foar de jongerein dy’t tusken wâl en skip bedarkje. De linen moatte koart wêze foar de helpfraach en net oer tefolle skiven gean. 

It behâld fan de Fryske taal is foar my ûntsettend wichtich lykas it behâld fan ús lânskip yn al syn ferskaat en skiednis.

Ek moatte wy ús foarsjenningen op peil hâlde foar sawol de âlderien as de jongerein. Dat der plak is foar harren en dat se har thûsfiele meie. 

Ik bin tige grutsk en tankber foar myn plak op de ferkiezingslist en wol graach in bydrage leveren oan ús gemeente en ús moaie team minsken fan de FNP. 

Koartsein: “Mei-inoar oan de slach foar ús thús yn Dantumadiel”.

GrytVDPloeg


2023 FNP Fryslân - Disclaimer