5) Jerrit Sjoerd de Bruin

De Westereen

Myn namme is Jerrit Sjoerd de Bruin en bin troud mei Annie Zuidema. Heit fan twa soannen en pake fan trije pakesizzers. Ik wenje al myn hiele libben yn De Westereen en nei 47 jier as amtner wurke te hawwen by de buorgemeente Tytsjerksteradiel bin ik no sûnt in pear jier ‘pensjonado’. 

Troch myn wurk by de gemeente rekke ik hieltyd mear ynteressearre yn de polityk. Dêrom haw ik my yn 2002 oanmeld by de Fryske Nasjonale Partij. De kar foar de FNP wie net dreech om’t it foar my dúdlik wie dat wy safolle mooglik foar ússels, it Frysk eigen, opkomme moasten. Ús Fryske taal, de sporten, feilichheid, kultuer en gewoanten moatte wy koesterje en bewarje.

Yn dy tiid waarden it tal ‘bedrigingen’ fan bûten de provinsjegrinzen hieltyd grutter. Yn myn rol as gemeenteriedslid woe ik in bydrage leverje om de Fryske identiteit yn ús gemeente te behâlden en wêr nedich te fersterkjen. Yn totaal haw ik 15 jier riedslid west en sûnt 2018 belutsen as mentor en fertrouwenspersoan fan de FNP fraksje. Dêrneist bin ik ek noch lid fan it ôfdielingsbestjoer. 

Ek de kommende jierren hoopje ik dat de FNP, op in iepen en yntegere wize, in positive bydrage jaan kin oan de libbensomjouwing fan ús jonge- en âlderein yn de mienskip.

It wurdt heech tiid dat ek yn Dantumadiel de gemeenteried yn syn gehiel der foar soargje moat dat de boargers wer wat mear fertrouwen krije yn de polityk. 

JerritDeBruin


2023 FNP Fryslân - Disclaimer