NIJS   02-12-2013


Oerstap Peterson nei FNP fraksje


Emke"Overstap Peterson naar FNP fractie", ûnder dy kop stie it nijs ôfrûne freed yn it Nieuwsblad N.O.F. Ôfrûne tiisdei ha ik myn oerstap nei de FNP oan de ried meidield. Soks komt fansels net fan de iene op de oare dei. Doe't ik yn oktober 2011 út de fraksje fan Dantumadeel'82 stapte ha ik al rillegau kontakt socht mei Jerrit. Yn earste ynstânsje like it ús better om gjin offisjele ferbining oan te gean. Fansels praten wy wolris oer yn te nimmen stânpunten. Sa wiene d'r altyd goeie kontakten.

Ôfrûne simmer bin ik lid wurden fan de FNP. Oare partijen yn de ried ha my ek wol oan west, mar jo moatte jo wol thús fiele by in oare partij. Net elke fraksje is like stabyl, d'r sitte in pear by dy't in wize fan wurkjen ha dy't my lang net oanstiet. Ek yn de tiid dat de FNP net yn de ried siet ha ik my wol in bytsje in fertsjinwurdiger fan de Fryske saak fielt. Soks leit my no ien kear nei oan it hert. Ek ha ik fan âlds net folle mei de lanlike partijen, ik fyn it ek altyd mar dreech om in kar te meitsjen by de twadde keamer ferkiezings.

Yn de ôfrûne tiid ha Jerrit en ik al in soad oerlis hân. "Wy wiene elkoars klankboerd", neamde Jerrit it. No is it dan sa fier dat wy yn ien fraksje tegearre oparbeidzje. De sfear is tige goed en dan fielt it oan as in waarm nêst. Dan fielst dy ek wolkom. Yn dy sfear geane wy de ferkiezings yn en dan ha iik wol betrouwen yn in goed risseltaat.

Emke.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer