De VBI (Europa's grutste produsint fan kanaalplaatflierren) en Combex Bouwlogistiek (Ynternasjonaal transportbedriuw) op Skûlenboarch krigen ôfrûne tongersdei besite fan in selskip FNP-ers dat bestie út 3 leden fan Provinsjale Steaten en 6 gemeenteriedsleden út sawol Achtkarspelen as Tytsjerksteradiel. It doel fan dizze besite wie om ynformaasje op te dwaan oer beide bedriuwen, te hearren hoe't de nije ûntslutingswei foldocht en te praten oer mooglike takomstplannen fan bedriuwslieding, gemeenten en provinsje oangeande it brûken fan ‘e farwegen (Klasse Va) c.q. it P.M.-kanaal.
De beide direkteuren, Jos van Steijn (VBI) en Freerk Lautenbag (Combex) makken helder dat de nije ûntslutingswei rjochting Droegeham poerbêst foldocht: gjin tiid- en dus jildferlies mear troch de draaibrêge. 'It hie wol wat earder mochten, mar dêr eamelje wy no net mear oer...'
De personielsgrutte fan VBI en Combex meimekoar sit op sa'n 400 folsleine banen. Troch de oanlûkende ekonomy fan hjoed de dei ferwachtet de direksje in mooglike taname fan nochris 300 banen. In geweldich potinsjeel foar dizze krite!Wol is dêr de meiwurking fan oerheden (provinsje en gemeenten) by noadich en der mocht, neffens de hearen Van Steijn en Lautenbag, wolris wat hurder oan ‘e achterste foet lutsen wurde.
It FNP-selskip makke in rûngong oer it hiem en de omfangrike bedriuwsromten fan beide bedriuwsfestigingen. Ek waard dúdlik dat it plan foar in bettere oansluting op de Skûlenboargerwei (faze 2) needsaaklik is, benammen út it eachpunt fan feiligens foar wurknimmers en besiters.



