NIJS   18-02-2016


Jkramer: Skerper Krimp Belied

Op tiisdei 17 febrewaris ha ik ús nije provinsjale beliedsbrief Krimp presentearre.

Dizze beliedsbrief is de reaksje op it rapport fan de Noardelike Rekkenkeamer oer it Krimpbelied fan de trije Noardelike provinsjes. Dit belied, dat troch de Steaten fêststeld is yn 2011, 'Fan Mear Nei Better', hawwe wy no oanskerpe. Feitliken komt der op del dat wy us net mear sasear op de krimp rjochtsje, dat wol sizze it feroarjen fan de befolking troch mear âlderein en minder jongerein. Dizze feroaring giet dochs wol troch. It hat dus gjin doel om jild te stekken yn minsken dy't net mear binne en ek net mear komme sille. It giet der om dat wy ynfestearje yn de minsken dy't der no nochbinne.

 

It giet derom om om te gean mei de gefolgen fan Krimp. En dat betsjut yn de folle bridte ynfestearje yn leefberens yn de belutsen gebieten. En dan giet it bygelyks oer Iepenbier Ferfier, wentebou, it oanjeijen fan de ekonomy of projekten fan ûnder op, lykas Dorps Ontwikkelings Maatschappijen (DOM's) lykas yn Holwerd en Mitselwier

 

Ien fan de oanbefellings fan it rekkenkeamerrapport wie ek dat de provinsje syn eigen rol en posysje dúdliker oanjaan moatst. Dat hawwe wy dien. Wy fine dat de oanpak fan de gefolgen fan de krimp primêr de taak fan de gemeenten, skoallen, wenningferhierders ensafuorthinne yn de belutsen gebieten binne. As provinsje wolle wy graach meihelpe. Dêr hawwe wy ek it Iepen Mienskipsfûns foar, mar aanst ek it LEADER jild. En as it moat nimme wy ek de leije yn 'e hannen, mar dan wol op basis fan dúdlike ôfspraken. 



Jkramer: Skerper Krimp Belied

Jkramer: Skerper Krimp Belied



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer