NIJS   13-07-2014


Takomstpetear mei Buurtzorg yn Damwâld

Om't de trije desintralisaasjes yn de soarch trochfierd wurde mei yngong fan 2015, stie in oerlis mei Buurtzorg yn Damwâld heech op it ferlanglistke fan de partij.  De riedsfraksje en in bestjoerslid hawwe dan ek in petear hân mei meiwurkers fan Buurtzorg.

"Wy hawwe sprutsen mei in waarm team dy't  net harren ferkeappraatsje hold; it wie júst benammen in konstruktyf oerlis oer de soarchtaken in ús gemeente. Wy binne hiel wat te witten kaam oer de opset en wurkwize fan de teams. Grutte foardielen lykje te lizzen in de lytsskalichheid en de kwaliteit fan de teams. Sa krije de minsken dy’t help krije net hieltiten oare fersoarchsters oer de flier."

"Wat ek wichtich is, is dat troch de lytsskalige organisaasje it allegear goedkeaper liket te wurkjen as alles dwaan te litten troch de grutte soarchferlieners. Sa wurde hjir bygelyks gjin djoere managers ynskeakele."

Dit alles sprekt de FNP fansels wol oan! Fraksje en bestjoer hawwe dan ek in goed gefoel oerhâlden oan dit noflike petear mei Buurtzorg en sille de opdiene kennis benutte.

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer