FNP Achtkarspelen op wurkbesite by firma Waaksma.
Koartlyn is in delegaasje fan de fraksje en it bestjoer fan FNP Achtkarspelen
en 2 leden fan de FNP Steatefraksje op wurkbesite west by taksybedriuw Waaksma yn Koatstertille.
De FNP waard ûntfongen troch direkteur Rienk Waaksma en 2e man Theo Boelens.
Ûnder it genot fan in kop kofje mei koeke fertelden de beide mannen oer alle nije ûntwikkelingen fan de lêste jierren yn de taksywrâld.
Hja hiene it ûnder oare oer Europeeske oanbesteging en de PGB ûntwikkelingen.
Die ûntwikkelingen ha fansels ek ynfloed op it wel en wee fan taksybedriuw Waaksma.
De firma Waaksma hat in flinke groei trochmakke yn de lêste 10 jier.
Der binne likernôch 155 minsken (fulltime en parttime) warber by dit bedriuw en dêrmei is Waaksma it grutste taksybedriuw fan Fryslân.
Waaksma docht gewoan taksyferfier, mar fersoarget ûnder oaren ek it leerlingeferfier, it WMO ferfier en in soad ferfier foar de soarchfersekeraar yn dizze regio.
Firma Waaksma foldocht oan alle wetlike easken en is ISO sertifisearre.
Sa't hast eltsenien wol wit, stean de lêste jierren de prizen nochal ûnder druk.
In pear grutte taksybedriuwen yn Fryslân binne yn de ofrûne jierren failliet
gongen of oernommen troch oare bedriuwen.
By firma Waaksma moatte hja dus goed op de sinten passe yn dizze tiid.
Firma Waaksma frege dêrneist omtinken fan de FNP oer in oantal saken dy't spylje yn de taksywrâld.
Spesjale oandacht fregen hja foar de kommende 4 à 5 saneamde "mobiliteitscentrales" dy't provinsje Fryslân fan plan is te meitsjen foar hiel Fryslân.
Waaksma sei dat hja sels al een goed funksjonearjend bel-en plansintrale
(ferfierskoördinaasjesintrum) ha en dat hja graach yn oanmerking komme
wolle foar 1 fan die takomstige "mobiliteitscentrales".
Nei de taspraken en de útlis fan de 2 direkteuren ûntstie der in libbene
diskusje oer in tal fan saken.
Nei noch een kop kofje krige de delegaasje fan de FNP in rûnlieding troch it bedriuw.
Oan it ein spruts de delegaasje fan de FNP harren tank út oan firma Waaksma foar de prima ûntfangst en de heldere útlis oer in tal fan saken.
Fansels moast der ek noch in foto makke wurde fan dizze wurkbesite.
It wie in tige slagge middei wêrby't de FNP Achtkarspelen in soad opstutsen hat.