NIJS   26-03-2016


Theunis Piersma ferfangt Emke Peterson

Theunis Piersma, earder FNP boargemaster fan gemeente Wûnseradiel, ferfangt de kommende tiid wethâlder Emke Peterson fan Dantumadiel. Peterson hat siik west en syn herstel sil noch in skoft duorje. Dêrom hat Peterson besletten syn funksje tydlik waarnimme te litten. De beneaming fan Piersma stiet op de wurklist fan de ried op 30 maart oansteande.

Theunis Piersma wie 15 jier boargemaster fan de gemeente Wûnseradiel. Dy gemeente gie op 1 jannewaris 2011 op yn de fúzjegemeente Súd West Fryslân. Piersma hat dêrfoar ek noch 12 jier riedslid west yn de gemeente Tytsjerksteradiel.

 

IMG 7660 2 2



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer