NIJS 29-03-2016
Op syk nei in tydlike wethâlder
Nei't Emke Peterson oanjûn hie dat hy tenearsten mear tiid nedich is om te herstellen en it dêrom better is om in ferfanger te sykjen, binne fraksje en bestjoer oan de slach gien. It bestjoerswurk yn it kolleezje giet ommers gewoan troch. Om dizze tiid is al in begjin makke mei de tariedings fan de begrutting en it program foar 2017. Dêr wolle we as koalysje- en kolleezjepartij fansels by belutsen wêze. Ek is it foar it bestjoer winsklik om op sterkte te wêzen as der wichtige besluten nommen wurde moatte.
By de syktocht nei in ferfanger fan Peterson ha wy kontakt hân mei fjouwer mooglike kandidaten. Úteinlik
tinke wy dat wy der yn slagge binne om in prima kandidaat nei foaren te skowen. Wy binne hiel bliid dat
Theunis Piersma réwillich is om tydlik nei Dantumadiel te kommen om Emke Peterson te ferfangen as wethâlder.
De beneaming jildt yn earsten foar 16 wiken. Dy termyn skriuwt de gemeentewet foar.
Piersma wennet yn Wytmarsum. Hy wie 15 jier boargemaster fan de eardere gemeente Wûnseradiel
oant dy gemeente opgie yn Súdwest Fryslân op 1 jannewaris 2011. Earder wie hy ek 12 jier riedslid yn
Tytsjerksteradiel. Hy is ôfstudearre yn de stjerrekunde en wiskunde. Sûnt 2011 hat Theunis as
selsstannige in advysburo. Wy hoopje dat Theunis Piersma gau syn paad fine sil yn ús gemeente en dat syn
ferfanging fan alle kanten goed foldwaan sil.
út namme fan bestjoer en fraksje;
Jurjen de Haas -bestjoersfoarsitter
Jerrit de Bruin - fraksjefoarsitter
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP