NIJS   17-03-2016


Kollumerlân: nijjiersresepsje 2016

Demokrasy

De wrâld om ús hinne stiet yn 'e brân. Yn Syrie en Irak en oare lannen sjogge we eltse dei yn de media bylden fan de ferskrikkingen fan IS en oaren. Yn Afrika is fan alles geande, Iritrea, Burundi, Nigeria neam mar op, hoefolle deaden moatte der komme foar dat bestjoerders dêr harren ferstân wer krije?

It wurd demokrasy ha se dêr skynber noch nooit fan heart.

Yn Nederlân, dus ek yn Kollumerlân, hat dat wurd demokrasy gelokkich wol in betsjutting en dêr meie we meiinoar wiis op wêze, al wol ik dêr daliks oan taheakje dat it troch sommige minsken op harren eigen wize útlein wurd. It leafst yn harren foardiel dan. Dat makket dat polityk foar de minsken yn dit lân best yngewikkeld wurd: lit ús mar earlik wêze, in soart minsken komme der net mear út en litte de polityk foar wat it is. Spitich, hjir leit in taak foar de dames en hearen politisy en dus ek foar it kolleezje en de riedsleden fan de gemeente Kollumerlân.

Mei dizze beskôging binne wy by datjinge wat de gemeenterie it ôfrûne jier oan it wurk hâlden hat. De gefolgen fan wat geande is yn it Midden-Easten en Afrika: in stream fan flechtelingen op wei nei Europa, nei feilichheid en fêstichheid dy't se hoopje te finen. Ek nei Nederlân en se moatte allegearre plak ha. In part fan die minsken kaam ek yn Kollumerlân terjochte, earst yn de sporthal yn Kollum foar krisisopfang fan in pear dagen, dat sechtsjen dagen waarden, en no yn de needopfang yn Kollumeroord, tot april. De rie wie ienriedig fan miening dat it de plicht fan de gemeente is dizze flechtelingen ûnderdak te bieden.

In ûnderdiel fan it wurk fan de rie dat er ta lade moat dat er demokratyske beslúten nommen wurde oer in hiel soart oare saken.

In wichtich ûnderdiel yn die beslútfoarming wie de realisaasje fan nijbou foar nije ûnderkommens foar de Julianaskoalle en Casimirskoalle yn Kollum. Meininoar ûnder ien dak, it is net samar efkes klear en der sille noch hiel wat oerlizzen plakfine moatte. De yntinsje is om der op in demokratyske wize út te kommen dat as risseltaat ha moat dat basisûnderwiis yn Kollum yn de takomst wer plak fynt yn in gebou dat oan alle hjoeddeiske easken foldocht. Itselde jild foar it fuortset ûnderwiis, Piter Jelles en Lauwerscollege, de plannen derfoar binne al in stap fierder, de faart sit der yn en dermei krije ek bibleteek en de Colle in nij ûnderkommen. Binnen de rie ha der flinke diskusjes oer west, bynammen de swiere wiksel dy't dizze ûntwikkelingen op de begrutting foar de kommende jierren leit soarge foar de noadige diskusjes.

 

Wat ek in soart tiid freget is de de amtlike gearwurking yn DDFK ferbân. Der is mei faasje in start makke mei de oerlizzen, it hat no bliken dien dat dy faasje miskien wol wat te grut west hat, de rem is der no opset en de yntinsje om de amtlike fúsje yn april fan dit jier syn beslach krije te litten is ferskoud nei 1 jannewaris 2017. Foar de riedsleden betsjutte it wol dat sy der ferskate fergaderingen by krigen ha, as riedsleden fan Kollumerlân, mar ek mei de riedsleden fan de oare belutsen DDF-gemeenten. In weryndieling moat er foar soargje dat de regio Noardeast Fryslân yn de takomst sterker wurdt.

Dan de ûntwikkelingen rûn de soarch yn Nederlân. Wy moatte fêststelle dat se yn Den Haach mei in soart plannen kaam binne om safolle mooglik te besúnichjen, it sil wol goed bedoeld wêze, it wie en is noch net allegearre like dúdlik hoe it komt. Boppedat meie de gemeenten foar in grut part foar de kosten opdraaie. It freget in soart ynset fan kolleezje en amtners en yn it ferlinge dêrfan ek fan de rie. Dy ynset moat as risseltaat ha dat de boargers fan Kollumerlân ek yn de takomst der op rekkenje kinne dat, as it nedich is, se in berop op ´e gemeente dwaan kinne.

Neist dizze saken barde der noch hiel wat yn de gemeente wer`t de rie by belutsen wie. Hert fan Kollum krige syn ynfolling mei de bou fan apparteminten foar kliinten fan Talant. Der moast flink oan lutsen wurde mar de risseltaten binne no te sjen. De Halbertsmaflat is in pronkstikje woarn, oer in pear moannen kinne de bewenners der yn. Ek op oar gebiet wurd der fiks bout yn Kollum en Kollumersweach. De Anjen, de Dellen, Wetterlelie, bestimmingsplan Trekfeart yn Kollum en Cedelshôf yn Kollumersweach, nei jierren fan stilstân yn de bou no wer allegearre aktyfiteiten, derneist binne ek partekelieren yn de doarpen wer oan it bouen. It soarget foar wurk foar de oannimersbedriuwen, mar tagelyk ek foar alle fakminsken dy't nedich binne om in wenning bewenber te meitsjen.

Sweagerbosk krige in nij oansjoch en yn it Tolhûs binne wegen en riolering aanst wer hielendal by de tiid. De Kringloopwinkel koe oan de Foarstrjitte yn Kollum iepene wurde en we meie hoopje dat dy yn de takomst fierder útbout wurde kin sadat minsken dy't oars net sa maklik oan wurk komme der in wurkplakje fine kinne.

Kollum Wettersportdoarp kriget geandewei de útstrieling sa as dy bedoeld wie. Meikoarten wurd der begûn mei de ferheging fan de Meckamabrêge sadat mear wettersporters tichter by it winkelsintrum fan Kollum komme kinne. It hat in lange wei wést mei beswieren ensfh. Mar ek dat lêste moat mooglik wêze yn in demokrasy

Fansels meie we de begruttingsgearkomsten net ferjitte. It freget in soart wurk fan de amtners mar ek fan de bestjoerders, de rie dus, want se ha allegearre it bêste mei de boargers foar. Sa min mooglik belestingferhegingen sûnder dat it fersjenningsnyfo omleech giet. Wol in ferheging fan de unreplikguodbelesting, tagelyk minder betelje foar it opheljen fan de griize en griene konténers mei as risseltaat dat de lêsten foar de boargers, rûchwei rekkene, net omheech giene.

Fansels wolle we dat yn de takomst graach sa hâlde, fan dêr dat de rie , nei in flinke diskusje, besletten hat om it kolleezje opdracht te jaan te ûndersykjen wat de mooglikheden fan precariobelesting foar de foarsjennings fan de nutsbedriuwen binne. It sil nei myn betingst noch in hiele toer wurde. Wat my goed dien hat is dat de begrutting troch de hiele rie, dus unanym, oannaam is. Ik fyn dat in kompliment, oan alle minsken dy't der by belutsen wiene, wurdich.

Fierders kin we net om de krimp hinne. It jongfolk siket wenplakken op wer't wurk is en de senioren geane nei de gruttere plakken mei foarsjennings. Yn de rie is der al faak oer praat, û.o yn ANNO-ferbân. We sille der net oan ontkomme dat net alle fersjennings yn de doarpen bliuwe.

Dit en noch in hiel soart oare saken ha der foar soarge dat we as riedsleden oan it wurk bliuwe koene. In swarte râne yn de gearstalling fan de rie wie it ferstjerren, nei in slim ûngemak, fan Jikke Schaafstal, riedslid foar de PvdA. Wy ha der as rie op in passende wiize oandacht oan skonken. Kevin Merkus kaam har plak ynnimmen, hy hat syn plakje al fûn.

De rie fan Kollumerlân yn 2015, in tal wichtige punten dy't de oandacht frege ha van alle riedsleden. It soarge sa no en dan foar flinke diskusjes tusken koalysje en opposysje, nei de lêste hammerslag fan de foarsitter koe der wol op in noflike wiize neipraat wurde.

Sa heart dat nei myn miening yn in demokrasy.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer