NIJS 28-04-2016
Ambisjeuze projekten yn Bûtenfjild; FNP NEF ynspirearre
Ekologysk ûndersyksburo Altenburg & Wymenga en Stifting Wetterwâlden Bûtenfjild (beide út Feanwâlden) hawwe dizze wike harren wurk en wurkwize presintearre oan in delegaasje fan de FNP ôfdielings út Noardeast Fryslân. Wethâlder Piersma, fraksjeleden en bestjoersleden fan Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân lieten harren ynspirearje troch de ambisjeuze en ynnovative projekten fan beide organisaasjes.
It ekologysk buro en de stifting wurkje oan ambysjeuze projekten mei
nasjonale en ynternasjonale útstraling. Sy dogge dat yn it Butenfjild,
in natuergebiet dat rûchwei leit tusken de Sintrale As, de N356 en de
spoarline Ljouwert-Grins. Mei it ynnovative projekt
Better Wetter - it geestesbern fan Eddy Wymenga - hat Altenburg&
Wymenga in proeftún fûn yn it Bûtenfjild. Hjir wurde projekten opset
dy't liede ta takomstbestindich wetterbehear en dy't tagelyk de ekology
en ekonomy stypje.
Better Wetter spilet yn op de klimaatferoarings en wurket tagelyk oan
oplossings foar de útdagings yn it feanweidegebiet. Troch op in oare
wize om te gean mei wetterbehear en byhearrend lângebrûk en dit te
keppeljen oan ûntwikkeling fan tsjinsten en produkten
of nije foarmen fan toerisme en rekreaasje, moat de regionale ekonomy
in boost krije. Op it stuit rinne der proeven mei tuorrebouten (reitsigaar / "lisdodde") tylt. De
plant wurdt brûkt as grûnstof foar in ferskaat oan boumaterialen. Ek
wurdt der in moetingsplak realisearre yn it Bûtenfjild;
it saneamde "Brûsplak". Dêr sille studinten, saakkundigen en oaren
harren kunde en ideeën oangeande ekology en ekonomy diele en fierder
útwurkje.
Yn it ramt fan ûntjouwings op it mêd fan rekreaasje en toerisme, leit
der ek in dúdlike relaasje fan Better Wetter mei Wetterwâlden
Bûtenfjild. De stifting set har mei 14 doarpen rûnom it Bûtenfild yn,
foar it fierder ûntwikkeljen fan de rekreative ynfrastruktuer.
De ideeën en winsken fan de 14 doarpen stean beskreaun yn in
doarpenfisy. Mei de doarpenfisy giet de stifting de boer op en yn petear
mei eigners fan en spilers yn it gebiet. Plannen fan de doarpen,
eigners en spilers yn it gebiet wurde oan inoander ferbûn
en op inoander ôfstimd. Dêrmei is de doarpenfisy fan de 14 doarpen in
libbend dokumint. By alles dat der yn de doarpenfisy opnaam wurdt, is
omtinken foar duorsumens. De realisaasje fan de nije elektryske farrûte
fan de Grutte Wielen, troch it Bûtenfjild, nei
de Swemmer, is it earste grutte súkses dat oan de netwurkorganisaasje
Wetterwâlden Bûtenfjild taskreaun wurde kin.
“Tûk ferbine” is it kredo fan Wetterwâlden Bûtenfjild, en soe dat like
goed wêze kinne fan Better Wetter. De FNP yn Noardeast Fryslân sjocht de
beide organisaasjes dan ek as in ljochtsjend foarbyld fan wat sy as
kearnwearden stelle by undernimmerssin en duorsumens.
Eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmersskip en
ekonomyske besteansfoarmen dy't in better lykwicht garandearje tusken
konsumearjen en konservearjen; it komt by Better Wetter en Wetterwâlden
Bûtenfjild allegearre byinoander.
in Fryske wimpel foar Wibe Altenburg foar yn de flaggenmêst yn de tún fan "El Dorado,
it kantoarpand fan ekologyskburo Altenburg&Wymenga oan it spoar yn Feanwâlden
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP