NIJS   01-11-2016


Dongeradiel: FNP Dongeradiel : nulmjitting in eask

De FNP Dongeradiel hat soargen oer de foarnommen gasboarring yn Ternaard.Lokkich is it boarjen nei gas fanôf it Waad ferbean mar no wurdt der fanôf de fêste wâl boarre nei gas. It saneamde skeanboarjen.Dat soks gefolgen hawwe kin foar natuer en gea en ús besit lit him riede.

De politike wurklikheid betsjut dat der noch boarre wurde kin mar foar de FNP Dongeradiel stiet dat heaks op de status fan ús Wrâlderfquod de Waadsee yn kombinaasje mei Nasjonaal Park Lauwersmar.  Wichtige natuergebieten dy't yn'e praktyk en yn byldfoarming skea oprinne fan de boar-aktiviteiten.

De FNP Dongeradiel wol derom hurde easken foar skea en feilichheid.

Fersakkingen oan bygelyks de seedyk freegje om skerp tasicht.  Jo moat der net oan tinke dat der wat bart mei ús primêre seekearing. In algemiene nulmjitting fan alle huzen en besit en de seedyk , is foar de FNP Dongeradiel in eask om boarje te kinnen. Yn in wide strook sil dy nulmjitting plakfine moatte.

No is it sizzen fan de NAM dat it hjir wol wat tafalt .  De FNP Dongeradiel wol lykwols wissichheid yn ôfwikkeling fan eventuele skea en wissichheid oer ús feilichheid. Fan te foaren moat in ûnôfhinklike skeatoetsing- kommisje yn't libben roppen wurde. In kommisje besteande út saakkundigen, net ferbûn oan de NAM en fia de omkearde bewiislêst moat skea romhertich útkeard wurde fanút in fan te foaren yn te stellen skeafûns.  Dat saneamde mynboufûns moat rom jild om hannen hawwe. De FNP Dongeradiel is ek fan betinken dat de EBN ( Energiebeheer Nederland ) belutsen by de winning en ferkeap fan gas mei oanspraaklik is foar skea.

De situaasje yn Grinslân lit sjen dat de NAM eltse kear noch mei de rêch nei de mienskip stiet en allinnich it ekonomyske belang telt.

De FNP Dongeradiel soe graach gean foar it net mear winnen fan fossiele grûnstoffen mar as it dan earst net oars kin sil it Ministearje stean moatte foar : nulmjittings fan alle huzen, besit en seedyk yn in wide strook om de boarput en it winningsfjild hinne, omkearde bewiislêst, skeafûns, feilige seedyk, ûnôfhinklike skeatoetsingskommisje. Mei minder kin it net ta. Komme dy tasizzings net dan kin der net boarre wurde.

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer