NIJS   01-11-2016


Tytsjerksteradiel: Ferslach fan de biningsjûn op freed 28 oktober

Op freed 28 oktober wie de biningsjûn fan de FNP-ôfdieling fan Tytsjerksteradiel.
Diskear yn Glinstra State Burgum.


Der wiene twa minsken fan Tresoar útnoege om wat te fertellen oer de skiednis fan Fryslân. Hja hiene ek noch in kwis makke oer: Hoe goed kenne jo jo eigen gea?

De lyts tweintich minsken, dy't oanwêzich wiene, hawwe mei ynteresse harke nei it ferhaal oer de Fryske skiednis fan Bert Looper en ek Jikke Sikkema liet wat nijsgjirrige saken sjen dy't yn de skatkeamer fan ús ferline te finen binne.

En Gerryt Jullens hie in puzel makke dy't yn de Wrotter ôfprinte wie.

 

Bert Looper keppele de skiednis fan de Friezen oan har identiteit. Hy sjocht trije fasen yn de skiednis fan Fryslân, dêr't de Friezen har oriïintearje moasten op in nije takomst.

Ta de earste fase rekkent er de trettjinde en fjirtjinde iuw, doe't him hjir in útsûnderlike situaasje ûntwikkele. It gebiet waard in regio mei autonomy. De tiid stiet no bekend as de Fryske frijheid.

De slach by Warns 1345 fûn ek yn dy tiid plak. De frijheid waard dus ek wol bedrige.

De Fryske identiteit hie te krijen mei de Fryske frijheid, mei dêrnjonken de taal en it Fryske rjocht.

As begjin fan de twadde fase sjocht er it jier 1498 doe't Fryslân ferovere waard troch Albrecht van Saksen en der in ein kaam oan de Fryske frijheid en oan it Frysk rjocht en úteinlik ek oan de posysje fan it Frysk as skreaune taal. It waard wat letter in autonoom gewest binnen de Republiek der Verenigde Nederlanden. Se rjochten har op har skiednis en makken dat wat idealer as it west wie en krigen binnen de Republyk in stevige posysje. De identiteit wie minder rjochte op de taal, mar mear op it romrjochte ferline. Der kaam in universiteit yn Frjentsjer.

Yn de njoggentjinde iuw, doe't Fryslân syn autonomy ferlear, en in provinsje waard binnen de ienheidssteat fan de Nederlanden, kaam de Fryske beweging mei in identiteit dy't wer keppele waard oan de taal/skiednis en ek noch wol oan de Fryske frijheid.

En hoe sit it hjoedde dei? Is dit net in fase wêryn't' Friezen it gefoel hawwe ynleverje te moatten? Wat foarmet ús identiteit no? Hoe sjogge wy hjir tsjinoan?

 

Ek waard der in filmke út it Frysk filmarchyf sjen litten dêr't alle klisjees oer Fryslân sawat yn foarkamen.

 

It ien en oar waard koart neibesprutsen, nei 't oan de ynlieder in pear fragen steld waarden.

By de kwis moasten wy per tafel in tal útienrinnende fragen beänderje. Der wie fansels in groep dy't de measte fragen goed hie. Hja waarden beleanne mei in boekepriis.

 

Nei ôfrin koene de minsken, dy't de puzel ynlevere hiene, in pryske útkieze. De oplossing wie: In dyk fan in gemeente! Us foarsitter Gerryt Jullens hie hiel wat pryskes klearlein en dêrom krigen alle oanwêzigen in "pryske" mei nei hûs.

 

W.J.

  


tresoar



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer