Tongersdei 18 novimber namen bestjoer en fraksje ôfskied fan ferfangend wethâlder Theunis Piersma. Wethâlder Emke Peterson is wer sûn en hat sûnt septimber syn portefúlje wer oppakt.
De FNP ôfdieling Dantumadiel betanke Piersma foar syn ynset en súksessen. Piersma krige in pakket mei streekkarmerk produkten út de Wâlden mei nei hûs.