NIJS   05-12-2016


Fryslân: FNP: dúdliker doelen mei Taalplan Frysk op skoalle

Net de ûntheffing sintraal mar it ûnderwiis dêr't bern rjocht op hawwe

De FNP wol dat it provinsjebestjoer dúdlike doelen, aksjes en planningen makket foar it Taalplan Frysk op skoalle. Doel is dat learlingen úteinlik oantoanber better Frysk leare. It giet net om in ûntheffing foar de skoalle mar om in plan dat de bern yn Fryslân it ûnderwiis krije dêr't se rjocht op hawwe. Dat stelt de FNP Steatefraksje mei skriftlike fragen oan Deputearre Steaten.

  

FNP wurdfierder Corlienke de Jong wiist der op dat it fak Frysk wetlik regele is. It belied fan de Provinsje is der op rjochte de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis te fersterkjen. Lykwols provinsjale Steaten kinne net goed sjen wat no de konkrete doelen, aksjes en planningen binne foar dit saneamde Taalplan Frysk. Hoe sille skoallen en learlingen konkreet ta groeie nei in effektyf meartalige situaasje?

 

De FNP freget neist de konkrete útwurking fan de plannen ek om ynformaasje oer de berikte effekten by de learlingen. Hoe komt it fierder mei de mear as 200 meartalige opfang- en pjutteboartersplakken, ek yn de Fryske stêden? Is der wol genôch omtinken foar de bern dy't fan hûs út Frysktalich binne? Of wurdt alles opset om de Hollânsktaligen hinne?

 

De partij wol ek witte hoefolle skoallen der aanst de kwaliteit fan it Frysk ferbetterje moatte. Neffens de wurdfierder spylje de ôfspraken mei de ûnderwiisynspeksje dêrby in grutte rol. De Jong wol úteinlik ta op in tuskenevaluaasje fan it Taalplan om sa nedich yn it iepenbier debat bystjoere te kinnen.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer