Wolle jo mei de FNP yn aksje komme tsjin de sluting fan de konsultaasjeburo's yn de lytse doarpen fan Achtkarspelen??
FNP Achtkarspelen tsjin sluting konsultaasjeburo's
Al jierren hawwe wy as FNP striden om de konsultaasjeburo's yn alle doarpen fan Achtkarspelen iepen te hâlden.
Dat hawwe wy as FNP ek alle jierren oprêden. No't wy 2 moanne út it regear fan Achtkarspelen binne, hawwe de PVDA, CDA en Christen Unie
direkt beslettten om de konsultaasje- bureaus yn Stynsgea, Gerkeskleaster-Strobos, Twizel, De Harkema, Droegeham, Surhuzum en Boelensloane te sluten.
De PVDA dy't seit pal foar de soarch te stean, it CDA dy't altyd de meistanner fan de FNP wie om de buro's iepen te hâlden en de Christen Unie
dy altyd al de konsultaasjeburo's slute woenen, hawwe mekoar fûn. It liket hast wol, as se it plús fan it kolleezje wichtiger fûnen dan de konsultaasjeburo's yn ús mienskip.
It kin net wier wêze dat der alwer in foarsjenning en sosjaal moetingsplak út ús doarpen ferdwynt. As jonge âlders gjin auto ta harren beskikking hawwe,
hoe komt it dan? De útkomst fan in ûndersyk, hâlden troch de gemeente sels, docht bliken dat âlders leaver net reizgje mei de lytse bern.
Doarpshuzen krigen ek hierfergoeding fan de konsultaasjeburo's en ferlieze wer in diel fan harren ynkomsten.
Wolle jo mei de FNP yn aksje komme tsjin de sluting fan de konsultaasjeburo's yn de lytse doarpen fan Achtkarspelen??
Stypje dan dizze petysje!!