NIJS   29-11-2016


Achtkarspelen: FNP op de bres foar "streetdefence"

net mear subzydearre troch gemeente Achtkarspelen

Skriftlike fragen op grûn fan it Reglemint fan Oarder, artikel 44


Datum: 22 novimber 2016


Underwerp: streetdefense Koatstertille


Acht kolleezje,


Kids Streetdefense is in frij nije sport yn Nederlân. It is in rekreative en foaral fleurige sport dy't rjochte is op selsferdigening (fysyk en mentaal). Kids Streetdefense rjochtet harren op bern fan 5 oant' e mei 14 jier. De basis fan dizze frij nije sport binne gebrûksfreonlike technyken út Judo, Jiu Jitsu, Tae Kwondo en realistyske selsferdigening.


Sa'n 2 jier lyn is dizze sport fan start gong yn Koatstertille. Om't dit foaral foar bern wie, dy't opgroeiden yn in gesin mei in minimum ynkommen, waard dit subsidearre troch de GGD, dêrnei subzydearre de gemeente dizze sport. Dit jier wurdt it net mear subzydearre en neifraach troch âlders by gemeente Achtkarspelen levere oars neat op dan: wy sille it nei sjen, it is hjir net bekend. (oant 3 kear ta)


Wy ha hjir de folgjende fragen oer:
1. Is it kolleezje op de hichte fan it feit dat dizze frij nije sport net mear subzydearre wurdt troch gemeente Achtkarspelen?
2. Is it kolleezje it mei ús iens dat it tige spitich is dat bern út gesinnen mei in minimum ynkommen no (wer) bûten de boat falle?
3. Is it kolleezje it mei ús iens dat it núver is dat âlders by neifraach gjjin antwurd krije op harren fraach?
4. Is it kolleezje it mei ús iens dat it núver is dat de iene net wit wat de oare docht by ús gemeente?
5. Wat sil it kolleezje deroan dwaan om dizze bern dochs wer de mooglikheid te jaan om dizze sport te beoefenjen?


Ut namme fan de FNP Achtkarspelen,
Maaike Dotinga-van der Veen



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer