NIJS 14-01-2017
Sulveren Fyts foar Otto Ebbens
De Fryske fytspriis "De Sulveren Fyts" is dit jier takend wurden oan WV Otto Ebbens. Foarsitter Jan Dupon naam de priis, besteande út in sulveren fytske en oarkonde, yn ûntfangst fan wethâlder Emke Peterson (gem. Dantumadiel) by de nijjiersgearsit fan de FNP.
De Sulveren Fyts komt jierliks ta oan in persoan of organisaasje
dy't in foarbyld is foar oaren yn it brûken fan de fyts en/of dy't him
ynset foar de belangen fan fytsers.
Wethâlder Peterson: "De Sulveren Fyts is gjin
sportprestaasje priis. Mar fansels binne we yn Noard East Fryslân wol
tige grutsk op de toptalinten dy't by de hurdfytsferiening WV Otto
Ebbens fytse of fytst hawwe. It is fantastysk dat it bestjoer,
frijwilligers en meiwurkers fan de feriening der sa'n soad oan dogge om
de fytssport libjend te hâlden. En dêrmei is de feriening fansels in
wichtich foarbyld yn it brûken fan de fyts, meinammen ek foar de
jongerein!"
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP