NIJS 14-01-2017
Fryske Natuer- en Miljeupriis foar Romke Kinderman
Natuerboer Romke Kinderman fan Feanwâlden mocht dit jier de Fryske Natuer- en Miljeupriis yn ûntfangst nimme fan wethâlder Emke Peterson (gem. Dantumadiel). Dizze priis, besteande út in beam en in oarkonde, wurdt jierliks troch de FNP takend oan in persoan of organisaasje dy't in positive bydrage levere hat oan it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske natuer en in skjin miljeu.
Kinderman krijt de priis foar syn rôl by it ta stân bringen fan in
fjildwurkplak op syn hiem en grûn, ôfrûne hjerst. Dit "Brûsplak" is in
moetingsplak en kennissintrum foar saakkundigen, studineten en ynwenners
út de regio. Der wurdt ûndersyk dien nei de gefolgen fan
klimaatferoarings foar it wetterbehear en ûntwikkeling fan ynnovative
ekonomyske foarmen fan dat behear yn (tige) wiete gebieten, lykas it
feanweide lânskip.
Wethâlder Emke Peterson: "By
natuerûndernimmer
Romke Kinderman hat "It Brûsplak" yn novimber 2016 syn fysyke plak
krigen. Op syn natuerpleats De Maria Hoeve set Kinderman him fanút suver
idealisme yn om mei alle netwurkpartners as
ûnderwiis, oerheid, bedriuwspartners lykas Altenburg & Wymenga,
ferienings, stiftings en oaren in unyk fjildwurkplak del te setten fan
wichtige provinsjale, nasjonale en sels europeeske betsjutting!"
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP