NIJS 01-02-2017
Dantumadiel.frl makket gemeente werkenber
Gemeente Dantumadiel sil ûndersykje oft de domeinnamme dantumadiel.frl ynfierd wurde kin. In moasje hjirta, yntsjinne troch de FNP, waard op 31 jannewaris unanym oannaam yn de gemeenteried. De partij freget mei har moasje oandacht foar de werkenberens fan de Fryske gemeente.
Amtlik sjoen is de gemeente fan 1 jannewaris ôf ien mei buorgemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. Sûnt dy tiid hawwe bestjoerders fan de gemeenten in @
ddfk.nl e-postadres. Bestjoerlik bliuwt Dantumadiel lykwols selsstannich. De FNP sjocht dan ek graach dat de gemeente har werkenberens werom kriget en dêrby in ienheid yn de te fieren domeinnnamme. Dat kin mei in dantumadiel.frl domein en bypassende @dantumadiel.frl e-postadressen. De hiemside fan de gemeente is no noch
www.dantumadiel.eu.
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP