NIJS   14-03-2017


Achtkarspelen: Skriftlike fragen FNP oangeande biofergister oan de Westkern te Koatstertille




Skriftlike fragen op grûn fan it Reglemint fan Oarder, artikel 44


Datum: 13 maart 2017


Underwerp: Biofergister Koatstertille


Acht kolleezje B&W fan Achtkarspelen,


Ynlieding:


Nei't it ferhaal giet soe de ûntwikkeler fan de saneamde biofergister oan de Westkern te Koatstertille mei sukses inkelde miljoenen oan subsydzje dêrfoar okkerdeis ta kend krigen hawwe.

De oanfraach om subsydzje soe nei't grúte wurdt dien wêze op grûn fan in ‘âlde'miljeufergunning út 2009.

 

Earder soe de ûntwikkeler op foarhân belanghawwenden, bedriuwen en befolking fan Koatstertille yn it Tillehûs ynljochtsje, ynformearje en byprate oer harren plannen.

Dat gie op't lêste stuit net troch, troch sykte fan de ûntwikkeler.

Underwilens is it frjemdernôch mûskestil bleaun. Soks noasket ús as FNP net.

 

Fandêr dat wy de folgjende fragen hawwe:


Us fragen:


1. Is it kolleezje op'e hichte ynsake oanfraach en mooglike takenning fan subsydzje oan de ynisjatyfnimmer foar bedoelde biofergister?

Om hokker bedragen soe it gean en wannear takend?


2. Kloppet it dat de oanfraach dien is op grûn fan in eardere âlde fergunning?


3. Is it kolleezje it ek mei ús iens dat it net opgiet dat subsydzje ta kend wurdt op grûn fan in ferâlderde fergunning?


4. Sil net altyd earst in nije omjouwingsfergunning op basis fan de nijste plannen yntsjinne wurde moatte en by ferliening earst dan subsydzje oanfrege wurde kin?


5. Is it kolleezje ek mei ús fan betinken dat oer it al dan net meiwurkje kinne oan bedoelde biofergister hoe dan ek earst helderheid ferskaft wurde moat oan de belanghawwenden yn Koatstertille    e.o., d.w.s. oan befolking en bedriuwen, mar uteraard ek oan de ried?


6. Mei't genôch bekend is dat de Tilster befolking, mar allyksa omlizzende bedriuwen mei in soad arbeidsplakken harren soargen meitsje oer it mooglik kommen fan in biofergister oan'e Westkern,  ynsake geur en feiligens, wolle wy it kolleezje der mei klam op fergje sa gau mooglik iepening fan saken te jaan.


Ut namme fan de fraksje FNP Achtkarspelen,


Yde van Kammen



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer