De FNP-fraksje yn Achtkarspelen makket him lilk oer de steat fan ûnderhâld fan it poepekrús oan de Harstewei ûnder de Koaten. Op dit plak waard eartiids in Dútske arbeider fermoarde. It poepekrús is as in oantinken yn de swarte grûn útgroeven. Letter is der in grutte stien by pleatst. It ûnderhalden fan it krús is in ferantwurdlikheid fan de gemeente. Mar sa' it der hjoed-de-dei by leit, is neffens de FNP 'beskamsum.' It moat dêrom fan de fraksje op koarte termyn repearre wurde.
"Sa't it no liket moat it fuort," fertelt Tjibbe Brinkman fan de FNP. "It is beskamsum hoe't wy omgean mei ús skiednis yn de Wâlden. Wy hawwe mar in pear monuminten yn Achtkarspelen en dan gean we dêr sa mei om!" Der stiet noch al in tinkstien neist it poepekrús, dat is al yn goeie steat. "Mar wat hawwe jo oan in tinkstien at der neat mear te betinken falt?", seit Brinkman. Hy hat skriftlike fragen oan de gemeente steld.