NIJS   21-07-2017


Frysk yn Datumadiel

Taal is in ûnderdiel fan ús Fryske kultuer! Elts is gek op kulturen! Minsken fleane wit wêr hinne om kultuer te snuven, mar realisearje harren net altiten dat we yn Fryslân sels ek in oergriislik moaie kultuer hawwe yn Fryslân... Jo meie der wier GRUTSK op wêze dat jo widze yn Fryslân stie, mei in eigen memmetaal...

Wy wolle alle Friezen dan ek in tikje op it skouder jaan oangeande harren sosjale oanpassingsfermogen! Der hoecht mar in Nederlander yn de seal te sitten en wis dat hja oerskeakelje yn it Nederlânsk. Soks hjit: Kategory --> Sosjaal STERK!

Jo moatte ris yn België komme... der is net in Flaming dy't it BESIKET om Flaamsk te praten op Waalske grûn, as oars om...

 

It beliedstik IN NIJ BEGJIN mei trochfiering fan 3-talich ûnderwiis en moaie statistiken fan de taalatlas foar Dantumadiel; no we binne oergriislik grutsk op ús Dantumadielers! It is wol aardich om te witten: 

Yn hokker taal binne jo grut brocht? -> 84% Frysk!

Yn hokker taal prate jo no tsjin jo bêrn? -> 82,7% Frysk! 

It ferskil: 1,3%. Dy moat hjir yn ús eagen wol in hiel goeie reden foar ha...

 

Dochs meitsje wy ús wol wat soargen oer de takomst fan it Frysk. It beliedstik IN NIJ BEGJIN moat hjir stjoer oan jaan. Just ek foar heech nivo skoalgewicht yn it ûnderwiis, wolle wy graach in skriftelik antwurd op de ynhâldelike fragen: "Hokker toetsingkaders brûkt de ynspeksje fan ûnderwiis op 3-talige skoallen? En hoe stimulearret de ynspeksje it Frysk?" Sadat 3-talich ûnderwiis op basisskoalen fan 2 rjochtingen belied wurdt!


Dêrneist hat de FNP earder in moasje ynbrocht werby in .frl domeinname foar de gemeente Dantumadiel winskelik is. Dizze is ek unanym oanneam yn de gemeenteried.

Corry Ludema - fraksje FNP Dantumadiel


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer