NIJS   15-01-2012


Iensidige berjochtjouwing belestingferheging Dantumadiel

It ynstjoerde stik van Romke Postma(Dantumadeel’82) yn ‘e Ljouwerter Krante oer de ferheging fan de ûnreplikguodbelesting (OZB) moat as net nuansearre beskôge wurde.
Ik typearje it as gestokel,
As kin it as it probearjen fan wat propaganda foar syn party beskôge wurde?


It is spitich, dat ek op Wâldnet allinnich de belestingferheging mei  12% neamd wurdt.
Ik kin my dan ek wol begripe, dat ús boargers dan mei san berjochtjouwing op syn minst net gelokkich binne mei de partijen dy foar dit beslût wiene.
Ien fan de foarstimmers wie de FNP(ik as riedslid dus).
Ik fyn dat myn kar op dizze wize fan berjochtjouwing wol hiel  asosjaal liket.
Hoewol't  net gebrûklik  weze moat, fyn ik dat ik no gjin oare kar ha om mei dit ynstjoerd stik te reagearjen.
Ik sil probearje út te lizzen wérom de FNP dizze kar makke hat.

Wêrom wie de FNP foar dit beslût?
Ik haw skreaun oer iensidige berjochtjouwing,  om't by it te nimmen beslût ek in ferleging fan de ôffalstoffenheffing(ASH) mei sa'n 11% belutsen wie.
Hjir is net folle oer skreaun.
De ferlegings meirekkene soe betsjûtte dat ús boargers it kommende jier trochinoar sa'n 1,7% mear belasting betelje.
Dit is sels noch ûnder it ynflaasjepersintaazje.
Troch de ferheging fan de OZB en de ferleging van de ASH wurdt de lytse ferheging ek noch ris betelle troch de sterkste skouders.
De boargers yn hierwenten krije bygelyks sa sels in belestingferleging.
Foar de FNP wie en is it yn alle gefallen wichtich, dat de belestingoanslach net mear omheech giet as it ynflaasjepersintaazje.
Heger  wie foar de FNP ek net akseptabel west.

Us gemeente hat fansels ek te meitsjen mei de hjoeddeistige kredytkrisis.
Sa kriget de gemeente hieltiten minder jild fan it Ryk.
Ek yn 2012 en de jieren dernei  binne der noch genoch djoere winsken sa as bygelyks in " brede skoalle" dy't wy as FNP  graach útfierd sjen wolle.  
Der moat dan wol jild foar wêze.
Wichtich is om it húshâldboekje sa folle mooglik op peil te hâlden.

Ik tink in goede en te rjochtfeardigjen kar makke te hawwen.
Yn elk gefal net asosjaal.

Ik hoopje dat hjirmei  wat ûndúdlikens en fernuvering wei nommen is.

Ofsjoen fan wat jimme der ek fan tinke,   winskje ik  de lêzers fan dit stik mei út namme fan de FNP Dantumadiel yn els gefal in "Sûn en Lokkich 2012"  ta

Jerrit Sjoerd de Bruin

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer