Tidens de ôfskiedsgearkomste betanke boargemaster Klaas Agricola de âld wethâlders foar harren ynset oer de ôfrûne jierren. De boargemaster typearde Roelof Bos as in breed wurdearre en hurdwurkjende kollega dy't goed ynhâldlik op'e hichte wie fan de saken yn syn portefeuille. "It moaiste yn myn 8 jier wethâlderskip fûn ik as ik echt wat betsjutte koe foar immen dy't ús stipe nedich hie. Dat fûn ik wichtiger dan de oplevering fan grutte projekten", sa sei Roelof Bos.
Oer Emke Peterson fertelde de boargemaster dat hy as wethâlder tige oansprekber wie foar de ynwenners. Hy liet him dan ek by in soad oangelegenheden yn de doarpen (formeel en ynformeel) sjen. De portefeuilles sport en doarpen, leine him nei oan it hert. "Foar my wie it wichtich om tichtby de minsken te stean en tagonkelik te wêzen. Op dy wize helle ik it measte gerak fan myn wethâlderskip", sa sei Emke Peterson.
Roelof Bos (2e fan links op foto) sil meikoarten oan it wurk by de Provinsje Fryslân foar it projekt Duorsume Lânbou. Emke Peterson (hielendal rjochts op foto) sil mei pensjoen.
foto: Nanne Nicolai
(bron: gemeente Dantumadiel)