NIJS   24-05-2020


Ramkoers is funest foar Dantumadiel

It foarnommen beslút fan it kolleezje fan B & W fan Dantumadiel om parten fan it amtlik gearwurkjen mei Noardeast-Fryslân te beëinigje, is net yn it belang fan de beide gemeenten. Dantumadiel leit dêrtroch op ramkoers mei de buorgemeente en komt yn in posysje, dy’t finansjeel en bestjoerlike risikofol is. FNP, VVD en CDA yn Dantumadiel hawwe in soad fragen oer it foarnommen beslút. De partijen wolle dêrom in interpellaasjedebat hjiroer hâlde mei it kolleezje op tiisdei 26 maaie.

It kolleezje fan B&W fan Dantumadiel hat bekend makke om parten fan it amtlik gearwurkjen mei Noardeast-Fryslân beëinigje te wollen. Dy gearwurking is mei yngong fan 2014 ûntstien op útdruklik fersyk fan de gemeente Dantumadiel om sa de bestjoerlike selsstannigens te behâlden. De gearwurking is ratifisearre yn in pakket fan de ôfspraken en sûnt it ûntstean fan de gemeente Noardeast-Fryslân fêstlein yn de sintrumregeling.

 

Ferry van der Ploeg (fraksjefoarsitter FNP Dantumadiel): “It frjemde is dat de partijen dy’t doe foar in amtlike fúzje wiene no’t it meast ûntefreden binne oer de gong fan saken yn de amtlike organisaasje. Ik soe sizze dat wy oare soargen hawwe. Hoe komt it mei ús finânsjes? De jierrekken stiet foar de doar. Ik hie leaver hân dat wy ús dêrop rjochtsje.”

 

Gerda Bos (nieuwe fractievoorzitter VVD Dantumadiel): “Ik betreur deze move van het college in Dantumadiel omdat de rekening bij de burger komt te liggen en het vertrouwen van de inwoners wordt geschaad. We moeten juist aansturen op samenwerking. Op deze manier komt de toekomst van Dantumadiel in gevaar.”

 

Jan Jitse Visser (fractievoorzitter CDA Dantumadiel): “Dat er delen van de samenwerking stroef verlopen, vraagt om een duidelijke oplossing die alle partijen dient. Door het eenzijdige besluit van het college in Dantumadiel om delen van de samenwerking te willen beëindigen, wordt de gemeente bewust in een positie gebracht die financieel en bestuurlijk risicovol is. Wij zien liever dat volwassen partijen met serieuze onderwerpen zich samen wenden tot een onafhankelijke intermediair die een bemiddelingspoging doet om die oplossing te bereiken. Want deze ramkoers is funest voor Dantumadiel."



Tags: polityk bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer