NIJS 11-04-2021
Noarm foar jefte bystân giet yn Dantumadiel omheech troch moasje FNP en Sociaal Links
Nei de diskusje yn in tal gemeenten oer de ‘boadskippen-affêre’ hawwe de riedsleden Ferry
van der Ploeg (FNP) en Johan Wijbenga (Sociaal Links) de situaasje tsjin it ljocht hâlden yn de
gemeente Dantumadiel. Troch in yntsjinne moasje is de noarm foar jefte bystân ferhege nei
€1200,- yn it jier. Dit is in ferdûbeling fan it âlde bedrach. De moasje is troch de Ried mei
ienriedigens fan stimmen oannommen. Minsken dy’t gebrûk meitsje fan in bystânsútkearing
moatte nammentlik al it ynkommen opjaan, ek de boadskippen fan famylje, freonen en
buorlju dy’t se krije. Om diskusje foar te kommen en it betrouwen te jaan is it ferromjen
winslik neffens de riedsleden. Beide binne der wis fan. “Wy moatte útgean fan it goede yn
de minsk”. Nei in snelle ôfhanneling fan wethâlder Kempenaar is de moasje yntusken útfierd
en krije de minsken wat mear romte yn de finansjes. De ferromming giet mei
weromwurkjende krêft fan 1 jannewaris dit jier yn.
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP