NIJS   05-05-2021


Geursirkels en de gemeente Dantumadiel

Mei koarten sil de rjochter útspraak dwaan oer it skeel tusken in boer út Feanwâldsterwâl en in oantal beswiermakkers oer de nijbou fan in feestalling. Der leit al in lange skiednis oer dizze saak. Fral yn de foarige perioade binne der in oantal beslúten nommen. De gemeente woe meiwurkje oan de plannen fan de boer ek al knypte it wol wat mei de rigeljouwing oangeande de geursirkel.

In geursirkel om in boerepleats is der fansels om de belangen fan beide partijen te tsjinjen. De boer wurdt beskerme yn syn belangen om de  “oprukkende” wenningbou op ôfstân te hâlden. Ek de boarger hat der belang by om de boer op ôstân te hâlden om (stank)oerlêst foar te kommen. Dantumadiel hat wat dat oanbelanget de ôfrûne jierren in oantal saken hân dy’t net alhiel yn de heak wiene. Dan moast der in kréative oplossing fûn wurde om ta in oplossing te kommen as om de skea te reparearjen. Soks komt earst ta stân nei in protte krewearjen en nei de nedige argewaasje. Bygelyks in fergunning foar in wenning oan de Koailoane dy’t te ticht by in pleats stiet. Ek it tastean fan in (tsjinst)wenning oan de Dammeloane wat eins net koe. No spilet de saak yn Feanwâldsterwâl oer de útbreiding fan in feestalling wêr de omwenjenden grutte muoite mei ha. En sûnt koart is it kolleezje fan doel om de geursirkel fan de in agrariër oan te passen om wenningbou mooglik te meitsjen oan de Willemstrjitte.

Sa mar inkele saken mei botsende belangen. By de beoardieling giet it dan om de sekuerens fan de fergunningsferliening. Dan moat de gemeente strak by it lyntsje del gean. Of dat altyd bart is foar ús de fraach. Yn dit soarte saken kin it noait gean om it belang fan de iene partij te tsjinjen as dy oare belanghawwenden te koart docht.

Sokke oanfragen freegje fan de gemeenteried soarchfâldige ôfweaging. Wol men ien partij gerive as wol men him hâlde oan wet- en rigeljouwing. Somtiden mei men kréatyf wêze, mar it mei noait liede ta neidielige gevolgen foar de iene as de oare partij.
 
-Emke Peterson 
cirkel


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer