NIJS   18-05-2021


Oanpak Botkepark Damwâld as foarbyld foar boargerpartisipaasje

Op 29 april hat Doarpsbelang Damwâld de plannen foar de fernijing fan it Botkepark presentearre. Fanwege de koronamaatregels hie Doarpsbelang in webinar organisearre en dat gie best goed. Hast hûndert dielnimmers wiene der en dy kamen út it hiele doarp wei die bliken. En nei de tiid, en noch steeds – stiet de link ( https://www.rtvnof.nl/botkepark/ ) op de webide fan Doarpsbelang foar minsken dy't de útstjoering nochris (werom) sjen wolle.

It Botkepark is fersutere, in soad beammen binne eins te âld, en dat kin gefaalik wurde. De paden kinne wol wat spannender, de tagonkelikhyd foar minsken mei in beheining moat better, lykas foar de bewenners fan Nij Tjaarda. En de viver wurdt grutter makke en omtovere yn in saneamde fiskparel. Neist de verbettere ferbining mei Nij Tjaarda wurdt ek it griene plein fan de nije skoalle yn de plannen behelle. En mooglik kin it park noch opnaam wurde yn in rûtestruktuer keppele oan de “halepaden”. 
Foarsitter Feije Feenstra fertelde dat Doarpsbelang hjir wol in rol sjocht foar harren, Doarpsbelang hat de plannen en ynspraak mei teret en hopet dat de doarpsbewenners straks ek sa no en dan wat helpe wolle by it ûnderhâld. Jan Jelle Jongsma hat as adviseur fan Doarpbelang de plannen taljochte. Wytze Hoeksma fan de gemeente fertelde it ien en oar oer de útfiering dy't fan't simmer plend is. De dielnimmers fan de webinar wiene hast allegear posityf oer de plannen, dus dat wie in opstekker foar Doarpsbelang. 

De FNP fynt it in moai foarbyld hoe't it doarp sels oan de slach giet mei in plan, de omwennenden der goed by belûkt en ek foar in stikje finansiering soarget by bygelyks it Iepen Mienskips Fûns fan de Provinsje. It fûns dat mei op ynisjtatyf fan de provinsjale FNP opset is, en noch steeds yn de portefeuille fan ús FNP deputearre Klaas Fokkinga falt. 
It eardere kolleezje fan Dantumadiel woe de mienskip ek mear yn harren krêft sette, en hie hjirfoar in budzjet mei de namme “it is oan jo” opset. It doel wie om “boargerpartisipaasje” te fersterkjen; en it middel wurke. It no sittende kolleezje hat it budzjet werom brocht oant in meagere € 16.000 yn't jier. Dermei kinne alinne lytse projekten opset wurde. Spitich. Foar grutte projekten is de ynbring fan gemeente lykwols hiel belangryk. Hja kinne de minsken mei plannen helpe, troch harren profesjoneal te stypjen. Tink oan it leverjen fan (digitaal) kaartmateriaal, it meitsje fan begrutting en meitinke over fûnsen en fergunnings. As FNP fine wy dat de gemeente soksoarte plannen goed fierder helpe moat. Sa kin in moai proses en projekt yn Damwâld as foarbyld tsjinje foar oare plannen. 


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer