NIJS   04-11-2021


Ekstra jild foar ‘It is oan jo’ yn 2022 troch amendemint FNP Dantumadiel

Yn de riedsgearkomste fan ôfrûne tiisdei hat FNP Dantumadiel in amendemint yntsjinne foar de begrutting 2022. It foarstel fan de FNP om ienmalig €25.000,- ekstra beskikber te stellen foar it mienskipsfûns ‘It is oan jo' waard mei ienriedigens fan stimmen stipe troch de gemeenteried. Mei dit fûns stipet de gemeente Dantumadiel ideeën en inisjativen fan buurten, doarpen of oare groepen ynwenners dy't harren libbensomjouwing wolle ferbetterje, behearre en ûnderhâlde. Bygelyks boarterplakken, strjitten en pleinen.

 

Wichtich diel út it amendemint wie ek dat de positive begrutting foar it jier 2022 mei te tankjen hat oan de boargers fan de gemeente Dantumadiel. De ôfrûne jierren binne de gemeentelike belestingen aardich ferhege troch de minne finansjele posysje fan de gemeente, mar de boarger hat hjir neat fan werom sjoen. De FNP sjocht it ekstra beskikbere jild dan ek graach werom yn útfierde inisjatieven werom. Hawwe jo in goed idee of inisjatief? It is oan jo! Sjoch op de webside fan de gemeente foar mear ynformaasje.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer