NIJS   02-12-2013


Wa is Emke: efkes foarstelle

Emke 2

As nij riedslid fan de FNP liket it my goed om my earst mar efkes foar te stellen. In soad minsken sille my wol kinne, mar oaren miskien wer net. Dêrom dus.

Ik bin Emke Peterson, 63 jier en wenje yn Damwâld. Ik sit aanst krapoan fyftjin jier yn de ried. It langste skoft foar Dantumadeel"82, mar sûnt goed twa jier as ûnôfhinkelik riedslid. Yn 2011 ha ik brutsen mei D"82 want d'r wie tefolle ferskil fan miening oer de koers fan de partij. De ôfrûne twa jier wie foar in ienmans fraksje wol drok, mar it wie wol noflik wurkjen sûnder allerhande omballings.

Ik wenje oan de T.E.Teunissenwei en it wennet hjir tige nei't sin mei Dirkje Gulmans. Sa't jim sjogge wenje wy net tegearre, mar wennet Fardau ek by ús. Fardau is in jonge stabij. Ek ha wy noch twa raskatten, Bella en Bibi.

Ik wurkje noch fjouwer dagen yn'e wike by in fleisbedriuw yn Feanwâlden, wy leverje fleis en fleisguod oan restaurants, benammen oan Chinezen.


Njonken de polityk is sport myn grutte hobby. Mei namme it reedriden en fansels ek fuotbaljen. Ik bin fêste supporter fan Broekster Boys. By dizze feriening ha ik yn it ferline spiler en ek bestjoerslid west. Dêrfoar ha ik ek noch yn allerhande bestjoeren sitte fan it tsjerklik jongereinwurk.


No dus yn de ried foar de FNP. De partij hat it in skoftsje dreech hân, mar op dit stuit libbet it wer omraak. Moai!! It brûst wer. Mei elkoar de skouders d'r ûnder en troch ienriedige gearwurking sille wy besykje yn maart safolle mooglik stemmen te heljen. Ik gean d'r foar dat wy op syn minst twa sitten heljen.


Emke.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer