NIJS   15-03-2015


Wurkbesite FNP Noard East oan Damstra

In FNP- delegaasje fan riedsleden, wethâlders en kandidaat- steateleden wie freed 13 maart op wurkbesite by Damstra yn Driezum. Opfallend yn it logo fan Damstra is it pompeblêdsje; it ferwiist nei de bân dy't it bedriuw hat mei Fryslân; in lokaal Frysk bedriuw mei lanlike útstrieling.

Nei it oandacht sloarpjende wynmûneferhaal waard it de heechste tiid om nei alternative techniken te sjen as it giet om duorsume enerzjy. Yn Noardeast Fryslân ha we in bedriuw, dy't harren dwaande hâldt mei de engineering en levering fan ynnovative ynstallaasjetechniken. Damstra docht mei oan in koprinnersprojekt yn de gemeente Dantumadiel, wêrby de gemeente tegearre mei bedriuwen sjen lit dat duorsume enerzjy net allinne nedich mar ek leanend is.

Der wie in tige gastfrije ûntfangst troch de bruorren Damstra mei in nijsgjirrige presintaasje fan harren bedriuw. Yn mear as 100 jier hat it bedriuw harren breed spesjalisearre en ûntwikkele foar bedriuwen en partikulieren. Waarmteweromwinning (WTW-systeem), waarmtekrêftkeppelingen, regeltechniken, wetterynstallaasjes, PV panielen/sinnepanielen, elektronikatechnyk ensafuorthinne. In bedriuw wêr de útdaging om te ynnovearjen te priuwen is.

Damstra is oansletten by DuTeF, in netwurk fan gearwurkjende Fryske ynstallateurs mei ferstân fan duorsume enerzjy. Damstra hat rom 100 meiwurkers yn tsjinst en is dêrtroch ien fan de grutte wurkjouwers yn Dantumadiel. Op de iepen dei fan 18 april o.s. kin eltsenien it allegearre sels bewûnderje en harren ynformearje litte oer ferskillende duorsume enerzjytapassings.


Damstra2015

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer