NIJS   20-03-2015


FNP wiis mei winst!

Haadbestjoer en steatefraksje fan de FNP binne wiis mei it resultaat dat de partij earjuster by de steateferkiezings helle hat. Yn al it Haachske geweld is de FNP mear as oerein bleaun. Op eigen krêft binne de fjouwer sitten beholden en bin mear stimmen wûn as yn 2011. Ek by de Wetterskipsferkiezing hat de FNP stimmen wûn.

 

De FNP sjocht mei nocht en wille werom op de ôfrûne bestjoersperioade en soe dêr graach in nije perioade yn it Fryske Kolleezje oan taheakje wolle. Neffens de FNP lizze der kânsen om troch te setten mei it besteande belied en fierder te bouwen op de behelle suksessen, lykas KH2018 en Wurkje foar Fryslân.

 

De partij stelt him dêrom konstruktyf op rjochting de kommende petearen oer it nije kolleezje.

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer