NIJS   19-08-2015


Achtkarspelen: Spreekbuis de Feanster 19 Augustus 2015

Bydrage fan FNP riedslid Yde van Kammen

Bêste minsken,

 

Stadichoan komt it daaglikse libben wer wat op gang, de fakânsje is hast foarby. Bern hawwe sin oan skoalle mei in nije juf of master en gruttere bern hawwe de boeken alwer kaft. As FNP Achtkarspelen hoopje wy dat jo in goeie fakânsje hân hawwe. As jo no fuort west binne of thús yn ús moaie Achtkarspelen wienen, wichtich is dat wy yn sûnens wer fan start kinne gean.

 

Dat goeie sûnens net foar eltsenien fanselssprekkend is witte wy allegear. De feroarings yn ‘e soarch, dat bringt in protte nije soargen. Ek de Gemeente Achtkarspelen hat de spannende taak om de Desintralisaasje sa goed mooglik op te pakken. It ienige wat jo thús wolle is dat heit en mem, of pake en beppe, de soarch krije dy't sy wend binne, dy't se noadich hawwe. De FNP fynt dat fansels ek. Keukentafelgesprekken, dy moatte net fia de tillefoan fierd wurde, it binne ús eigen minsken dy't harren ferhaal kwyt moatte.

 

Besunigings op it grienûnderhâld, wat is der al in soad oer sein. Strúkgewas derút, gers deryn. De ien fynt it in fersobering, de oar sjocht it glês healfol. Alle feroarings moatte wenne. En by de gemeente Achtkarspelen is it krekt as by jo thús, wurdt der tefolle útjaan, dan sil it bestedingspatroan feroare wurde moatte. Dat docht sear, dat is ferfelend, wy begripe it like goed as jo.

 

De doarpen kinne sels ek grienstroken "adopteare", yn Bûtenpost is dat al gebeurd. It giet bygelyks net allinnich om it grien, mar ek om de saamhorigheid. Tegearre as buurt of doarp wat ûndernimme. Dat mienskipsgefoel kinne jo net mei jild útdrukke, der hoecht gjin plan te kommen om soks finansjeel te beleanen. Sterker noch, dan groeit de hiele "mienskipsgedachte" skeef.

 

Foar inoar soargje, mei inoar de skouders derûnder sette, it moest eartiids, it koe eartiids en it kin hjoedtedeis ek. Yn Stynsgea is Sportdorp Stynsgea ûntstean fanút de mienskip. Yn Gerkeskleaster-Strobos is de mienskip  dwaande mei plannen foar in Generaasjehûs. Surhústerfean hat wer in geweldige profronde hân, en yn Bûtenpost draafden de hynders wer moai yn't gareel. Wy sjogge fansels út nei de Gondelvaart yn Droegeham!

 

Oer generaasjes sprutsen, as jo de moaie leeftyd berikke hawwe dat jo ôfskied fan it wurk nimme  kinne... safier hat ús griffier Roel vd Heide it no ek! Sûnd 1991 wurket Roel al by ús gemeente Achtkarspelen en komt hy mei de trein fanút Grins nei Bûtenpost. As FNP Achtkarspelen wolle wy Roel alfêst tank sizze foar al dy warbere jierren en winskje him alle goeds foar de takomst!

 

Bêste minsken, de FNP stiet wer foar jo klear, wy geane wer foar jo yn't spier. Jo ynbring telt altyd, ynsprekke mei altyd en jo binne fan herte wolkom by ús riedsgearkomsten op it Gemeentehûs te Bûtenpost!

 

Yde van Kammen, riedslid FNP Achtkarspelen



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer