Parseberjocht.
De leden fan de FNP koene justerjûn har kandidaten kieze foar de kommende ferkiezings.
Der stiene mar leafst 19 minsken op de list.
De FNP is der yn slagge mear leden binnen te heljen en sjocht de takomst en dêrmei ek de kommende ferkiezings mei goede moed temjitte.
De leden hawwe unanym Jerrit Sjoerd de Bruin út de Westereen keazen as listoanfierder foar de kommende ferkiezings. Op nûmer twa fan de list is keazen foar ús neikommer Emke Peterson út Damwâld.
Beide hawwe in soad riedsûnderfining en wurde dan ek foldwaande yn steat achte de mienings en winsken fan de FNP-stimmers yn de gemeenteried nei foarren te bringen en te ferdedigjen.
De nûmers 3,4 en 5 binne Corrie Ludema-van der Vlak út Sibrandehûs en Martin Feddema út Feanwâlden en Sigrid Keimpema fan Feanwâlden.
Al listtriuwers ha Willy Wijbenga en Sake van de Bij har beskikbar stelt.
Beide ha al jieren meidraaid, mar wolle no graach in stapke werom dwaan. Se binne och sa bliid, dat no nije jonge entûsjaste minsken diel útmeitsje wolle fan de FNP.
Fan links nei rjochts: Jerrit de Bruin, Corry Ludema-van der Valk en Emke Peterson