NIJS   13-10-2015


Achtkarspelen: FNP riedslid Sake van der Meer stelt fragen oer de "flapbrêge" by Twizel

Brêge liket no op barte

KOATSTERTILLE - FNP-riedslid Sake van der Meer uit Koatstertille makket him soargen oer de takomst fan de karakterisyke brêge oan de Ald Dyk oer de Twizelerfeart.
Fan it bregje, tichtby it bedriuweterrein fan Koatstertille, is de boppebou weihelle. "Dy leit yn ‘e berm te ferrustkjen", konstatearret Van der Meer. Hy wol van b. en w,. fan Achtkarspelen witte of de gemeente de brêge wer opknappe sil. Hy wol ek witte wêrom der izeren platen oer it brêgedek lizze.

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer