NIJS   23-12-2013


Arie Aalberts giet nei De Friese Meren

Op 12 desimber makke Arie Allberts bekind dat hy fuort giet nei De Friese Meren. Hy wie in pear wike earder troch kommissaris Jorritsma frege om te sollisitearjen nei de funksje fan boargemaster fan dizze nije fúzjegemeente.

In nije gemeente fan goed fiiftichtûzen ynwenners is fansels in hiele útdaging. D’r moat in hiele nije organisaasje komme en alles is nij yn sa’n gemeente. Fan dy kant besjoen kin men d’r skoan ynkomme dat Arie dizze funksje wol wat talike. Doe’t hy dan ek de beneaming krige wie hy der tige wiis mei, sa fertelde hy oan de ried fan Dantumadiel. Nei njoggen jier yn Dantumadiel hie hy wol syn plak fûn yn de mienskip fan ús gemeente. Njonken de finânsjens hie hy ek feilichheid en oarder yn syn portefúlje. Mar op syn bêst wie hy yn de omgong mei de minsken sels. De boarger dy’t yn de swirrichheden siet krige altyd syn oandacht. Soms moast ek wolris optreden wurde en dat die hy ek. Hy koe minsken ek teplak sette.

It oankommende ôfskie falt ús rau op’e lea. Wy ferlieze in bêste boargemaster. Mei in bytsje weemoed nimme wy ôfskie, mar winskje him ek in protte súkses ta yn syn nije gemeente. It is fansels in hiele promoasje as jo fan krapoan tweintichtûzen ynwenners nei in gemeente geane fan fiiftichtûzen. Mar op in oar mêd is it in weromgong. Syn nije gemeente hat (noch gjin) fryske namme. Moai om dêr ynkoarten mei oan de slach.


Emke



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer