NIJS   13-10-2015


Achtkarspelen: FNP Achtkarspelen op wurkbesite by Anfean

Frijwilligers Anfean hurd oan it wurk foar de mienskip

KOATSTERTILLE - In delegaasje fan FNP Achtkarspelen wie ôfrûnne wike op wurkbesite by "Anfean" yn Koatstertille. Anfean is in stifting dy't brûkbere middelen ynsammelt foar minsken dy't wat minder te besteegjen hawwe. Hja dogge dit op frijwillige basis. Anfean is festige yn de âlde sporthal op ‘e Tille, mar moat hjir per 1 desimber út fan de gemeente Achtkarspelen. Der is op 't stuit noch gjin oare húsfesting.

Reden genôch foar de fraksje fan de FNP Achtkarspelen om earst op lokaasje ynformaasje te heljen, en dêrnei met skriftlike fragen te kommen nei it Kolleezje fan B&W fan Achtkarspelen. De Fryske partij dy't frijwilligersorganisaasjes heech yn't findel hat wol fan it Kolleezje witte wat de reden is dat Anfean út de sporthal moat en oft der ek in alternatyf bean wurdt.

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer