NIJS   01-10-2015


Achtkarspelen: Moasje behâld Omrop fynt riedsbrede stype yn Achtkarspelen

Hannen ôf fan ús omrop

BÛTENPOST - Ofrûnne riedsfergadering yn de gemeente Achtkarspelen tsjinne de fraksje fan de FNP in "moasje frjemd oan de oarder fan de dei" yn. De moasje is in stype oan Omrop Fryslân, dy't driget harren selstannigens te ferlieze. Neffens de FNP, en dus ek alle oare partijen yn ‘e gemeente Achtkarspelen, mei dit net gebeure. Fraksjefoarsitter FNP Sjoerd Groenhof:" Ek yn Grinzer buorgemeentes as Gruttegast en Mearum wurdt der in soad nei Omrop Fryslân harke en sjoen". Hja hoopje dat troch dizze moasje it regear yn Den Haach yn ‘e gaten hat hoe ernstich de saak is en har realisearje sil hoe wichtich in eigen omrop is foar de Friezen.

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer