Yntinsjeferklearring: Weardefol of weardeleas?
Yntinsjeferklearring: Weardefol of weardeleas?
Op 15 septimber 2015 is der troch de Krûdhof, it IIstidenmuseum, it Koartling, Stifting Ald Achtkarspelen en de feriening Noardlike Fryske Wâlden in yntinsjeferklearring ûndertekene. Dizze yntinsjeferklearring is foaral bedoeld om te kommen ta in goeie ûntwikkeling fan it gebied de Krûdhof Bûtenpost, nammentlik de Poarte nei de Noardlike Fryske Wâlden.
Troch mei-inoar gear te wurkjen binne der troch de belutsen partijen al ferskate ideeën ûntstean. It is tige wichtich dat de mienskip (yn dit gefal krekt ek it Koartling) by de plannen belutsen wurdt.
De Poarte nei de Noardlike Fryske Wâlden wie de lêste riedsgearkomste oan de oarder. Ynienen op inisjatyf fan de PvdA tsjinne hja mei it CDA en de CU in amendemint yn, dat is in wizigingútstel, wêryn't hja it Koartling as folweardich prosespartner útslúte.
"In yntinsjeferklearring hat foar de PvdA gjin inkele wearde en hja fiele har der net oan bûn! It giet derom wat de Ried fynt en net wat de yntinsjeferklearders fine", by monde fan de PvdA yn de ried.
In skoftsje lyn hie it CDA in foarstel yn de ried foar "Rjocht fan Sprekken" wêrby't hja seine: de krêft fan Achtkarspelen leit yn de doarpen en net yn it gemeentehûs. It die oars bliken doe't dizze partijen harren útsprutsen oer de ûntwikkeling fan it gebiet rûnom de Krûdhof.
De fraksje fan de FNP fernuvert har oer it beslút fan de PvdA, CDA en CU. Dizze partijen hawwe de wurden kommunikaasje, mei-inoar, fergrutsjen fan de mienskip heech yn't findel. Troch dizze wiziging sprekt earder it tsjinoerstelde. Dit is net de FNP gedachte en dêrom hawwe wy mei It GBA en de VVD tsjin dit amendemint stimd. Wy hiene spitigernoch krekt gjin mearderheid.
Okkerdeis koenen jo yn de krante lêze dat de oerheid, (ek de gemeentlike oerheid) hieltyd mear konfrontearre wurdt mei mûnige boargers dy't in goede oplieding hân hawwe en dat de gemeenterie nei in oare rol sykje moat. Dit betsjut foar de gemeenteried, as heechste bestjoersorgaan yn de gemeente, dat hja net mear allinnich it machtsmonopoly hawwe. Wy sille as gemeenterie hieltyd mear, tegearre mei de ynwenners en maatskiplike organisaasjes,rjochting sykje en jaan moatte oan it beslútfoarmingsproses.
De FNP stiet al midden yn de mienskip, mar sil dit yn de takomst noch mear besykje te dwaan. Wy dogge dit graach, it is tige wichtich om te witten wat der libbet yn de mienskip en wat winsklik is. Mei-inoar en foarinoar sykje nei oplossings is wichtich, want sa ûntsteane en bliuwe it libbene doarpen wêr't it goed wenjen is!