Mei yngong
fan 2014 feroaret d'r noch al ien en oar as it giet om it
ferkeapjen fan drank. Alhoholhâldende dranken meie dan net
mear ferkocht wurde oan persoanen ûnder de 18 jier. Oant no ta wie
dat 16. Fral foar de groep dy't no 16 en 17 jier âld is betsjut
soks dat sy gjin bier ensfh. keapje mei. Ferkeapers fan alkohol,
kroegen, kantines en winkels, wurde oanpakt as sy binnen in jier
trije kear betrape wurde op ferbeane ferkeap. Sy kinne harren
fergunning ferlieze.
De fraksje fan de FNP fûn dat de skinktiden yn
de kantines oanpast wurde moast. Troch de wike mei der skonken wurde
oant jûns alve oere. Yn de wykeinen fan 14.00 oant 19.00 oere.
Neffens ús jout soks swierrichheden op snein. Faaks binne der
legere alvetallen dy't op sneintemoarns al om tsien oere fuotbalje.
Nei ôfrin fan de wedstriid wolle sy dan in pilske skoare fansels.
Dan soene dizze spilers oant twa oere ta wachtsje moatte .
De fraksje
fan de FNP hat in foarstel dien om op snein de skinktiid yn gean te
litten om 12.00 oere. Ek hat de FNP it foarstel dien om de fêste
slutingstiid fan 19.00 oere te ferskowen oant twa oeren nei in
wedstriid as dy op jûntiid spile wurdt. Beide foarstellen binne
oannommen en dêr binne wy tige wiis mei.
Fraksje FNP