NIJS   03-11-2015


Dongeradiel: Kontraktbrek en hannelswize CU oarsaak betrouwensbrek

Lês it offisjele parseberjocht.

Moandeitejûn 2 novimber hat yn in mienskiplike fraksjegearkomst fan CDA Dongeradeel en FNP Dongeradiel bliken dien dat der in betrouwensbrek is tusken CDA en FNP oan de iene kant en de Kristen Uny oan de oare kant. It betrouwen is ûnherstelber beskeadige, nei oanlieding fan it net neikommen fan in koalysjeôfspraak oer keapsneinen troch de Kristen Uny.

Tidens de gearkomst fan de gemeenteried op 29 oktober makke de Kristen Uny in draai en stimde tsjin it kolleezjefoarstel dat útfiering jaan moast oan it Koalysjeakkoart. Yn dat troch alle 3 koalysjepartijen ûndertekene akkoart wurdt in beheind tal keapsneinen mooglik makke.

Foarich jier stimde de Kristen Uny noch yn mei it kolleezjefoarstel foar de proef ta ynfiering fan keapsneinen. Troch wjerstân binnen dy partij besleat se yn ôfwiking fan it koalysjeakkoart tsjin de definitive ynfiering te stimmen. It CDA en de FNP hawwe begryp foar de prinsipiële opfettings fan de partij en hawwe romte jûn foar in tsjinstim fan de Kristen Uny. Wol is de Kristen Uny faak frege om in earlike útlis te jaan oer de redenen fan de wiziging fan harren stânpunt. Dat kaam der net yn de riedsgearkomst fan tongersdei.

It betrouwen is earnstich skansearre en koe yn de ôfrûne dagen net sa hersteld wurde dat fierder gearwurking mooglik is. Dêrmei is spitigernôch in ein kaam oan de gearwurking.

De kommende dagen sille CDA en FNP mei de oare fraksjefoarsitters oerlis hawwe oer de ûntsteane sitewaasje.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer