NIJS   12-11-2015


Dongeradiel: FNP fragen oer digitale ûntsluting fan ús regio

Foar ús regio Noard East Fryslân soe digitale ûntsluting kânsen jaan. Kânsen foar stimulearring fan it ûndernimmerskip yn it bûtengebiet mar ek fersterking fan de leefberheid en de feilichheid.

Acht kolleezje , 

 

As FNP stean wy ek foar in goede - digitale ûntsluting fan stêd, doarp en bûtengebiet.

It belied fan Kabel Noord is it yn fazen oanslute fan wiken en doarpen. Lykwols yn it bûtengebiet leit dat dreech en ek yn ús gemeente is sprake fan saneamde  "wite gebieten " dy't allinnich mar tsjin slim hege kosten op de digitale snelwei oansluten wurde kinne. As FNP bin wy fan betinken dat minsken yn it bûtengebiet net straft wurde meie troch it betelje moatten fan in fiks hege eigen bydrage foar oansluting op de digitale snelwei. Foar ús regio Noard East Fryslân soe digitale ûntsluting kânsen jaan. Kânsen foar stimulearring fan it ûndernimmerskip yn it bûtengebiet mar ek fersterking fan de leefberheid en de feilichheid.No komt de KPN mei it saneamde 4 G - moadem en hja wolle dermei benammen de bûtengebieten ûntslute. 

 

Konkreet hawwe wy op grûn fan't reglemint fan oarder de neifolgjende konstatearrings en skriftlike fragen :  

 

1. De ûntsluting fan de regio Noard East Fryslân mei dan fia de Sintrale As mei faazje fysyk oppakt wurde ek tige wichtich is de digitale ûntsluting fan ús regio. Hokker mooglikheden sjocht it kolleezje om benammen ek ús bûtengebiet mei faazje oan te sluten op de digitale snelwei?  Hokker partners kinne/ spylje deryn in rol ? Hokker priiskaartsje en subsydzjemooglikheden bin der?

 

2. Ut it parseberjocht fan de KPN blykt dat hja de kommende jierren de útrol fan glêsvezel nei lytse(re) kearnen mei faazje oppakke sille. Wat betsjut dat? Spilet dat ek yn ús regio?  Meardere glêsvezel kabels yn de grûn, njonken it no al oan te lizzen Kabelnoord glêsvezelnetwurk?

 

3.Soarget in G4 moadem foar gjin "wite gebieten" mear en stiet dat foar snel ynternet foar alle apparatuer? Sa nee wat moat der dan foar barre?

 

4. Hoe tinkt it kolleezje oer al dizze ûntwikkelingen  en de stappen op de digitale snelwei troch oanbieders sa as Tmobile en KPN ek yn gearhing mei ús oandielhâlderskip fan Kabel Noord en de konkurrinsje posysje en de kontinuïteit fan Kabel Noord?



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer