NIJS   04-12-2015


FNP Noard East Fryslân op wurkbesite by Sake Store

De FNP út Noard East Fryslân hat begjin desimber in wurkbesite brocht oan Sake Store yn De Westereen. Direksje/eigners pear Thijs en Jeanette Baarsma ûntfong de groep fan 11 entûsjaste FNP'ers út Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân foar in blik achter de skermen fan it súksesfolle Fryske moadebedriuw.

 

Thijs en Jeanette Baarsma binne al mear as 20 jier de driuwende krêften achter de moadewinkel yn De Westereen, dy't yn 1977 oprjochte waard troch Lolke Baarsma. Sake Store De Westereen, festige yn it eardere pand fan Bacofa, is ien fan de 13 filialen yn Fryslân. Bûten Fryslân is der gjin Sake Store te finen.

De kar om allinnich yn Fryslân aktyf te wêzen is eins in hiel bysûndere, en dan ek hiel bewust naam, sa lei Thijs Baarsma út oan it oanwêzige steatelid, de wethâlder, fraksjeleden en bestjoersleden fan de partij. Sake Store is in Frysk famyljebedriuw mei in dúdlike struktuer en kin op dizze wize ûnderskiedend wurkje en oersjoch hâlde op de filialen. Troch sa te wurkjen is der ek in goeie klantrelaasje op te bouwen.

De Baarsma's hechtsje in soad wearde oan de klantbelibbing. Mystery-shoppers besykje mei regelmjit de winkels, om de kwaliteit fan de klantfreonlikens sa heech mooglik te hâlden. Ek wurde der by Sake Store gau ris 'fashion-events' organisearre. It Sake Store publyk wurdt by sokke events hiel nau belutsen; om sels mei te rinnen op de catwalk by in moadeshow, bygelyks.


It bedriuw hellet dan ek alles út de kast om de slogan "de leukste fashion store fan Fryslân!" wier te meitsjen. Neffens de delegaasje fan de FNP út Noard East Fryslân, is de famylje Baarsma dat seker slagge.

 




Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer