Algemeen Belang Dongeradeel (ABD) sil as tredde partij diel útmeitsje fan it kolleezje fan de gemeente Dongeradeel.
Al hoe wol CDA en FNP tegearre in mearheid hawwe giet de foarkar út nei in sa breed mooglik draachflak yn'e Rie. Nei dat de CU út de koalysje stapt is , hawwe der konstruktive petearen plakfûn mei alle opposysjepartijen. Nei dy petearen blykte dat der in koalysje mei it ABD foarme wurde koe. It ABD ûnderskriuwt it besteande koalysjesakkoart en der is oer en wer betrouwen en programmatyske oerienstimming.
Ut namme fan it ABD sil de hear P.L. Braaksma ( Eastrum ) wethâlder wurde yn it kolleezje dat fierder bestiet út CDA wethâlder A. van der Ploeg en FNP wethâlder P. de Graaf. Braaksma sil him ûnder oaren talizze op ekonomy en de arbeidsmerke, rekreaasje en toerisme en de sosjale wurkfoarsjenning.
Yn de riedsgearkomste fan tongersdei 17 desimber sil hy beneamd wurde as wethâlder.
Mefrou J. van Midlum (Wierum) sil as fraksjefoarsitter tegearre mei de hear T. Visser (Moddergat) de ABD fraksje foarmje.
De nije koalysje sjocht de gearwurking mei niget en betrouwen temjitte.
Ynformaasje by FNP fraksjefoarsitter Fedde Breeuwsma: 06-13168533