Underskreaune(n), lid fan de Ried fan de gemeente Dongeradiel
konstatearjende....
- njonken de fysike ûntsluting fan ús regio fia de Sintrale As ek de digitale ûntsluting fan stêd, doarp, wiken en bûtengebiet wichtich is;
- oansluting fan perselen op glêsfezel in nutsfoarsjenning is ;
- oansluting yn it bûtengebiet op basis fan de solidariteitsgedachte omtinken freget dat it Kabelnoord drok dwaande is perselen neffens skema, fase 1 en 2 oan te sluten op glesfezel;
- de oanlis yn maaie 2016 in ein op streek is ;
- de wurksumheden fan fase 3 dan opstarten wurde kinne;
- fase 3, it bûtengebiet , de saneamde "wite gebieden " foarearst noch net oansluten wurde;
- de provinsje Fryslân in subsydzje beskikber hat om finansjeel ek by te dragen yn de oansluting fan perselen yn saneamde "wite gebieten";
- op sa'n wize de helberheid en betelberheid fan oansluting fan perselen yn it bûtengebiet oanpakt wurde kin;
de provinsje njonken it beskikber stellen fan jild ek fia bygelyks garânsjestelling fan in liening it proses oanjeie kin;
dat oansluting fan perselen yn it bûtengebiet yn de DDK regio spilet en yn it wurkgebiet fan Kabelnoord;
Kabelnoord yn ús krimpregio de grutste spiler is foar bekabeling.
- Stean mei klam by it kolleezje oan , om:
It Deistich Bestjoer en Provinsjale Steaten fan de provinsje Fryslân kenber te meitsjen - mei ek op basis fan de konstatearrings - dat oansluting fan alle perselen yn de gemeente Dongeradeel op glesfezel de kâns is foar fersterking ekonomyske aktiviteiten yn it bûtengebiet en it ûndernimmerskip oanfiterje kin;
- dit fan belang is foar de berikberheid en leefberheid;
- dit de leechrin opkeare kin en it feilichheidsfielen fersterkje kin;
- Kabelnoord yn dit proses in wichtige partner is.
Trune der by it kolleezje tagelyk op oan dit fersyk meiinoar mei de kollega's yn DDK ferbân en it wurkgebiet fan Kabel Noord kenber te meitsjen oan D.S. en P.S
-en giet oer ta de oarder fan de dei.
Fraksjes fan FNP, ChristenUnie, ABD, CDA en Dongeradeel Sociaal.
|